Weppers snein 9-2

De nije SDS League!
8 februari 2014
Weppers moandei 10-2
9 februari 2014

Foarjiersyndieling SDS VR1
Foar SDS VR1. is de nije foarjierskompetysje-yndieling al bekend. Sa sjocht it derút:
Scharnegoutum VR1
SC Berlikum VR2
Mulier VR1
SWZ VR1
Tzum VR1
SDS VR 1

Gie net troch
SDS 2 – Zwaagwesteinde 2 waard juster ôflast y.f.m. it minne fjild. De wedstryd komt no foar de fjirde kear op it programma.

Ekstra priis yn de SDS League
Jim kinne hjir alles fine oer de twadde helte fan de SDS League. Jim nije teams moatte ynlevere wurde foar kommende sneon 15 febrewaris 19.00.
Wat soe it dochs aardich wêze as wy wer ris op 100 dielnimmers komme!
Doch dêrom allegear mei en meitsje oaren ek enthousiast!

Sis harren dan ek efkes dat der no ek in priis is foar de kampioen fan it rjochterrygje(sjoch hjir mar)!
Der lizze ek formulieren yn de kantine!

KNVB-sealtoernooi SDS D2
Ofrune sneon wie de tredde serie fan twa wedstryden yn ‘e Rengershal yn Ljouwert. Omdat we oan ’t no ta alle wedstryden noch wun hiene, leine we aardich op “kampioenskoers”. Mar by de earste fan de twa wedstryden like it wol at de mannen fan SDS allegeare te let op bed leinen. It wie hiel slap en dertroch kaam Leovardia hieltiid better yn ‘e wedstryd. Fertsjinne makke Leovardia dan ek de 1 – 0, mar de skiedsrjochter wie fan miening dat de bal net oer de line west wie. In gelokje dus foar us, mar Leovardia krige hieltiid mear kansen. It wie oan Jeffrey te danken dat in hiel lang 0 – 0 bleaun. Omdat we wol woene winne, moasten we wat betinke sadat der wat mear fjoer yn ‘e striid kaam. Stan, die einliks mei wie as supporter, ha we 10 minuten foar tiid ynsetten as “stoarmram”. Dit wurke, want der kaam gelyk wer folle mear striid. Al gau skoarde Tjitse de 1 – 0 en binnen trije minuten makke Stan de 2-0 en de   3-0.  Leovardia is in hiel ferfelende ploech om tsjin te spyljen, mar gelokkich lieten de mannen fan SDS harren net provosjearje. Einstand 3 – 0 foar SDS.     
De twadde wedstryd tsjin Frisia, mei Stan wer op de bank as supporter, wie folle better. Lekker fanatyk en mei goed spul wie al hiel gau dudlik dat SDS folle better wie. Grutte (lytse) man yn dizze wedstryd wie Ruerd, hy skoarde mar leafst 4x !!!! De oare mannen fan de goals wiene Tjitse (3x), Anco (1x) en DJ (1x). Einstand 9 – 0 !!!
Twa wedstryden de 0 halden, ek troch Jeffrey die geweldich keepte. No 6 wedstryden spyle en 18 punten, 25 foar en 5 tsjin, dit koe wol minder. Nye wike op het Kealledykje yn Ljouwert de leste twa wedstryden. Om kampioen te wurden, sille we ek hjir noch punten pakke moatte. We sille yn elts gefal us best der foar dwaan.
Theo.

Fan herte lokwinske!
Jan Stenekes is hjoed jierdei! Fan herte lokwinske!
Wy keapje der fannemiddei ien op! Jan fêst ek(sjoch hjir).

Alderaardichst

De fans hawwe Sven Kramer juster al wat holpen…….

Harsens derby(1208)
Somtiden is der mar ien manier om Messi te stopjen en dat is op de rugbymanier: