Weppers snein 7-4

Útslaggen sneon 6-4
5 april 2013
Weppers moandei 8-4
7 april 2013

Bliid
Wat binne wy dochs bliid foar al dy SDS-teams dy ’t juster wûnen, mar miskien noch wol mear foar dy SDS-ploegjes dy ’t oanjouwe dat sy ûndanks dat sy ferlern hawwe alderaardichst moai fuotballe hawwe. Dêr wurde wy no bliid fan!
SDS D3 en C1: sjapoo!

Superbliid
Wat in wille om juster nei it fuotbalfjild te fytsen sûnder dat je fantefoaren yn spanning hoefe te sitten as it fuotbaljen wol of net trochgiet. Foar ús noch 1000 sokke sneonen!

Tiisdeitejûn
SDS 1 mei tiisdeitejûn alwer los. Dan spylje sy om 18.45 thús tsjin Leeuwarder Zwaluwen.

Ferslaggen
Fan in stik of wat wedstriden fan juster kinne jim hjir it ferslach lêze. Krekt hawwe wy it ferslach fan Grietzen Broersma fan Heerenveense Boys 1 – SDS 1 derby setten.

SDS 2 en 3 derop út!
SDS 2 en 3 sille der op it ein fan it seizoen efkes tegeare op út. It soe op 11 maaie, 4 maaie of 27 april, mar wurdt no heechstwierskynlik op 13 april, 20 april of miskien wol  18 maaie. Wy binne benijd en oars is der miskien yn 2014 noch in gatsje frij yn de aginda.

Harsens derby(997)
Nea te gau jûchheie!