Weppers moandei 8-4

Weppers snein 7-4
5 april 2013
Fakatuere trainer SDS 2
8 april 2013

SDS D3 is bliid!

SDS D3 gie sneon ûnderút tsjin Easterlittens D2, mar spilen harren beste wedstryd fan it seizoen. Dat levert in bult bliide kopkes op. Sjoch ek by de ferslaggen fan ôfrûne sneon. 

Seleksje SDS 1 – Leeuwarder Zwaluwen 1
Volgende spelers graag om 17.45 uur aanwezig:
Jaap Toering, Harm Stremler, Ewout de Boer, Kristian Gaastra, Wytze Lanting, Erik Haitsma, Jakob/Klaas Haitsma, Skelte Anema, Dirk de Jong, Dirk Yde Sjaarda, Wietze Fopma, Feiko Broersma, Arjan Posthumus, Hendrik de Jong.
Met vriendelijke groet,
Jaap de Blaauw


Fakatuere trainer B-seleksje SDS
SDS is noch altiten op syk nei in opfolger foar Marco Hoekstra as trainer fan SDS 2. Jim kinne de fakature hjir sjen. Mochten jim noch tips hawwe mail dan nei
info@vv-sds.nl.

Ankel
Ien fan de wepmasters waard sneon ynteept troch Dooitze Nauta en dat wie net om troch it mulle sân op Skylge te rinnen. De teep siet perfekt, mar koste SDS 2 wol in goal. Anne Stenekes gie in minút foar tiid allinnich mei de wepmaster sûnder bril op de keeper ôf en spile de bal kreas opside sadat de wepmaster skore koe. De grinsrjochter tocht der oars oer. Hy joech bûtenspul. Folgende kear miskien in streekje minder teep………..mear kin der wier net bûtenspul stien hawwe.


Folgende kear it kût en it ankel mar efkes skere………..Oh, nee, dat hoecht earst net mear……….


Harsens derby(998)
Dizze namme moatte jim ûnthâlde; Gary Mackay-Steven. Hy fuotballet no noch foar Dundee United, mar foar hoe lang?  

Sjoch hjir mar ris.