Útslaggen sneon 6-4

SDS League: Bauke toant Veerkracht!
4 april 2013
Weppers snein 7-4
5 april 2013

Mochten jim fuotbald hawwe, mail dan de útslach, in koart ferslach, foto’s, doelpuntenmakkers, bijsûnderheden, eigenaardichheden, apartichheden, nuverheden en wat ik mar nei dizze adressen en skilje de útslach efkes troch nei de kantine:
0515-331700.

    útslach
9:00 SDS D2 – Oosterlittens D1  0-1
9:00 SDS E2 – Joure SC E6  5-1
9:00 SDS E5 – Workum E4  1-5
10:00 SDS E3 – GAVC E4  3-2
10:00 SDS F1 – LSC 1890 F3  9-1
10:15 SDS A1 – Zeerobben A3  4-0
11:05 SDS F5 – Heerenveense Boys F9  2-6
12:00 SDS 3 – DWP 2  1-6
12:00 SDS C2 – ST Foarut C3  7-0
13:45 SDS 5 – Sleat 3  3-0
14:30 SDS 2 – Zeerobben 2  3-1
15:30 SDS VR1 – GAVC VR1  0-3
8:50 NOK F1G – SDS F2  2-1
9:00 LSC 1890 D2 – SDS D1  1-2
10:00 Mulier E2 – SDS E4  4-3
10:00 Scharnegoutum’70 F3 – SDS F3  0-5
10:15 ONS Boso Sneek E2 – SDS E1  6-3
10:15 QVC F2G – SDS F4  0-1
10:30 Oosterlittens D2 – SDS D3  6-0
12:00 Robur MC1 – SDS MC1  4-4
12:30 RES C1 – SDS C1  6-2
14:30 Heerenveense Boys 1 – SDS 1  2-2
14:30 Scharnegoutum’70 3 – SDS 4  3-2
15:00 Foarut VR1 – SDS VR2  ôflast

Heerenveense Boys 1 – SDS 1
SDS pakt punt yn lêste minút 

Fier yn de blessuretiid kaam SDS op 2-2 tsjin Heerenveense Boys en pakte dermei een fertsjinne punt by de ploech die op it 3e plak stiet yn de twadde klasse. 
Yn de earste minút liet SDS de goeie yntensjes al sjen doe Arjan Posthumus opstoomde oer de rjochterflank en syn skot nei in flotte oanfal oer de goal gong. Binnen 10 minuten wie it lykwols 1-0 foar Heerenveense Boys. Der koe hiel maklik foarsetten wurde en like maklik waard de bal binnen tikke, 1-0. SDS wie dizze klap flug te boven want se lutsen op een fuotballende manier nei foaren. Dat waard nei goed 20 minuten beleane toen de bal foar de linker fan Dirk-Yde Sjaarda kaam, hy helle út en de bal einiche yn de boppehoeke, 1-1. Yn dizze fase kaam SDS der in pear kear goed út, mar nei een healoere kaam it spul yn hannen fan Heerenveense Boys. Foar de rêst kaam de thúsploech dan ek noch op foarsprong. De bal bleaun lizzen yn de sechtjin meter en fia de kluts koe de spits Top een skotsje losse. Jaap kearde dizze bal, mar de rebound foel opnij foar de fuotten fan Top en no wie it wol rekke, 2-1 by de rêst.
 
De oertsjúging dat der toch wol wat te heljen wie yn Hearrenfean wie by SDS yn de twadde helte goed te sjen. Der waard noch in stapke hurder setten troch SDS. Fia de kombinaasje waarden oanfallen opsetten, mar it lêste stapke miste faak noch. It spul gong de hiele twadde helte dan ek op en del en dertroch bleaun it spannend. Heerenveense Boys rekke de peal en koe de wedstriid noch in kear yn it slot goaie, mar it barde net. Oan de oare kant koe Feiko een kopbal net genoch krêft mei jaan. De stân wie dus noch altiid 2-1 en úndertusken hienen Feiko, Erik en Wytze al giel krigen foar kommentaar op de skiedsrjochter. De man fluite op dat flak een warriche wedstriid. Yn de lêste 10 minuten moast Heerenveense Boys achterút, mar it duorre oant de 95e minuut foar de 2-2 kaam fan SDS. Ewout de Boer koe op san 25 meter fan de goal oanlizze foar een poging mei syn linkerpoat. It waard een ferwoestend skot die prachtig yn de boppehoeke sylde. Freugde yn it SDS-kamp en in minút letter wie de wedstriid dien. 

SDS mei tiisdei opnij foar de kompetysje. Thús tsjin koprinner Leeuwarder Zwaluwen om 18.45 oere. 
Grietzen

SDS 2 – Zeerobben 2
Op de jierdei fan trainer Marco Hoekstra wie SDS 2 fan doel om him in passend kadootsje te jaan. Dit kaam yn de foarm fan trije punten, mar de slagreame op de taart miste. It waard 3-1 yn in wedstryd wêr ’t beide ploegen net it beste fan harren sels sjen lieten. Foar SDS 2 skoorden Ayanle, Gerrit en Henk.

SDS 3 – DWP 2
1-0 waard it al gau foar SDS 3 en dit besoarge de burger moed. Spitich genôch waard it foar de rêst noch út it neat 1-3 en oan it ein fan de twadde helte rûnen De Wite Pealers sels noch út nei 6-1. Wer flatteard, mar dêr keapet SDS 3 neat foar.

Scharnegoutum 3 – SDS 4
0-2 wie it en dochs waard it noch 3-2 foar Skearnegoutum. Dat docht sear. Wy binne benijd nei de doelpuntenmakkers.

SDS 5 – Sleat 3
Justermiddei spile it fiifde om 13:45 oere tsjin Sleat 3. By binnenkomst yn klaaibox wie it oars as oars. Wichard en Jappie wien op wurk besyk by de nije paus en it wie súver rêstich yn e box. Al gau kaam Ype binnen en waard it al wat drokker.

De wedstyd begûn wat lau, en dat waard oant de rêst ta fest hâlden. Der binne wol kansen west mar jammer genôch net benut.

De twadde helte batsten it fiifde der gelyk yn en beter scoarde de al gau de 1-0. Dernei miste ynfaller Klaas van der Weg de kâns om der 0-2 fan te meitsjen, mar makke dit fiif minuten letter goed troch dit wol to dwaan. Yn de lêste tsien minuten waard der nog flink druk setten op de goal fa de tsjinstander en scoarde Ype de 0-3.

Alwêr trije punten foar SDS 5
Hans

RES C1 – SDS C1

Hjoed moest de C1 foutbalje tsjn RES C1, de koprinner.
1e helft: De earste 10 minuten begongen wy mei druk jaan op de kwetsbare ferdediging van RES en dat resulteerde yn folle balbezit foar us.
Mar it neidiel wie dat RES wol de romte kryg foar in gefaarflike counter by een minne kaats of een underskepping en dat resulteerde nei ungefear 15 min foar de 1-0.
Hjirnei begongen wy echt goed te foutballen en waarden wy de bettere ploeg, Inne of Gerwin skode mei nei foarren ta en sa kamen wy mei een man mear op it middenfjield.
Allinich krearden wy mar gjin kansen en toen makke RES helaas de 2-0 wer ut in counter.
2e helft:
De twadde helft begongen we erg sterk, dit resulteerde yn in pear hele moaie oanfallen en eindelik ek kansen. Ut in goeie corner fan Gerwin makke Yward dan ek de terochte 2-1 nei dat Piter de bal goed trochkopte. Hjirnei makke RES undanks us goeie foutbal de 3-1,4-1,5-1 en 6-1 ut allegeare counters.
Oan it einde fan de twadde helft krigen we nog een frijetraap, Frank krulde de bal moai yn de 16 wertroch ik de 6-2 ynkoppe.
Nei disse goal krygen we nog wel een pear kanskes mar waard it helaas net mear spannend.
Al mei al een geflateerde 6-2 oerwinning fan RES, mar wy hawwe prima foutballe!
Gr Habtamu de Hoop

Oosterlittens D2 – SDS D3

Wat hebben we vandaag een geweldig leuke wedstrijd gezien van de mannen van D3! Gelukkig waren er superveel enthousiaste supporters naar Easterlittens gekomen. Ook de coach heeft nog nooit zo’n goede wedstrijd gezien van zijn team! Hoewel verloren, mogen alle spelers zich een beetje winnaars voelen, dus …… Allemaal blije koppies! De coach heeft Jasper en Grietzen benoemd tot “men of the match” en voor allemaal geldt een dik compliment.
Ga zo door!
Karin Vermeeren

ONS E2 – SDS E1

Ofrune sneon moasten de mannen van E1 spylje yn Snits tsjin ONS E2. Eeltsje Bootsma wie spitich genoch siik en koe net fuotbalje. Ek Tjitse wie der net by, want hy moast tonielspylje in Easterwierum. Mei Stijn, Douwe Jan, Tjerk, Ruerd, Anco, Stan en Sjors kaamen wy dus krekt op 7 spilers. Nei wat tillefoantjes hin en wer op freedtejun, wie it Nykele die gelokkich mei us meidwaan woe. De oftrap wie om 10.15u en om 10.16u hiene wy al in hiele grutte kans. Anco kaam each in each te stean mei de keeper van ONS. Anco sjitte hurd yn, maar de keeper pakte dizze bal geweldich. SDS wie op dat stuit de bettere ploech en hie it measte balbesit. Dochs wie it ONS die op foarsprong kamen. Ut in unterjochte hoekskop, bedarre de bal uteinlik efter us keeper Stijn. Dochs bliuwden we aardich goed fuotbaljen, ek troch de sterk fuotbaljende Nykele. Dertroch krigen we noch in oantal goeie kansen. Mar sa as wol faker dizze kompetisje, wie it wer ONS die in goal makke. Dizze keer wurde de bal yn ien kear ut in hoekskop yn é goal sjitten. Hjir koe net ien wat oan dwaan, mar it stie wol 2-0. Toch kamen we wer yn e wedstriid troch dat Stan, each in each mei de keeper, de 2-1 hiel goed ynsjitte. Dernei wie it Nykele-time. Hy scoorde twa kear achterinoar, werfan ien goal fanof it middenfjild yn ien kear op e slof. Geweldich, in foarsprong foar SDS, dat is dizze kompetisje noch net faak bard. Tsien minuten foar tiid, kaam ONS wer op 3-3, troch wat in ungelokkiche goal. Twa minuten foar tiid, skoade Stijn per ungelok samar de bal in de fuotten by de spits van ONS. Dizze wist der wol rie mei, en roste de bal yn e goal. Einstan 4-3 foar ONS. Hiel spitich want een gelykspul hie seker ferstjinne west. Ik doar wol te sizzen, in oerwinning hie ferstjinne west. Faak ha de minsken by ONS ien hiele oare miening. Derfoar moaten we mar goed   www.voetbalreporter.com   yn e gaten halde.
Op nei folchende wike, dan spilje wy yn Oudega tsjin Oudega/HJSC. Dan sille we sjen dat we hjir trije punten weihelje.

Theo.