Weppers snein 5-4

Utslaggen sneon 4-4
3 april 2009
Weppers moandei 6-4
5 april 2009

Keepers
Der drige efkes in tekoart oan keepers te kommen bij SDS. Mar der steane nije talinten op. Sneon hâldt Pieter Groenveld bij SDS 4 de nul en wisten Gert Jan Hessels en Douwe de Boer de skea ek te beheinen. Neffens de ferhalen hat Douwe echt talint.

Ferkeard om
Enne Bruinsma
kaam sneontemiddei út de kantine om de twadde helte fan SDS 4 te fluitsjen. De earste helte wie goed gien en hij hie gjin kommintaar hân. Ek net op syn klean. Doe’t hij bij it publuk lâns kaam stie dochter Sjoukje dêr ek: “Soe heit de broek wol efkes goed oan dwaan wolle want hij is no efterste foaren”. Heit Enne gie wer efkes werom om him better oan te klaaien.

Rektifikaasje
It muoit ús tige dat wij juster op dizze side in ferkearde doelpuntenmakker fermeld hawwe. Wij hawwe dêr immen te koart dien. Dat wolle wij graach rjocht sette. Eeltsje Postma skoarde juster in doelpunt. Hij die dat bij SDS 3. It wie in skitterend doelpunt. Wij binne bliid dat neef Mark ús hjir op attendearde.

Iepen Museum Wykein
Webmasters,
Juster efkes lekker balje en neisitte, moarn mei de frou (en bern) op nei Earnewâld…..
Groetnis,
Marco Hoekstra

Mayo
Sipke Hiemstra is anti Mac Donald, omdat se gjin mayo hawwe:
Yn it wepperke fan freed stiet een foutsje. Je kinne by de MacDonalds net een broadsje mayonaise ite, want se ha der gjin mayonaise. ( dat is 1 fan de redenen dat ik der nooit kom) Wat se wol ha is een soere mayonaise-achtige saus mei kruden. Net oan te riden, mei as sunder broadsje. 
gr Sipke

Drop
D2 heeft vrijdagmiddag de dropjes proberen te verkopen in Mantgum.
Het ging niet echt makkelijk maar degene die mee waren hebben hun uiterste best gedaan om zoveel mogelijk drop te verkopen.
Jongens en meiden, bedankt voor jullie medewerking.
Bote en Wietse waren in Oosterend aan de verkoop, deze 2 knapen zijn bijna heel Oosterend rond geweest, samen met hun skelter,
grote klasse boys. 
boudewijn
.

Wii
Wij heare sommige (blessearde) SDS-ers altiten hiel entoesjast praten oer
Wii sport. Sij komme nei in oerke bowlen of tannis mei krekt sa’n grutte toarst yn de kantine as de fuotballers. Wij hawwe der noch gjin erfaring mei, hâlde ek mear fan Fryske bûtensporten, mar der is kâns dat ek wij dit jier noch in kearke wii dogge. Sjoch
dit berjocht.