Poiesz-jeugdsponseraksje
SDS docht dit jier wer mei oan de Poiesz-jeugdsponseraksje. Fanôf moarn kinne jim wer munten sparje foar SDS by de Poiesz yn Skearnegoutum. Kommende wike mar oan de pindakaas en de gefulde koeken!
Fuotbalskuon
By SDS 2 hie juster ien syn fuotbalskuon yn de boks lizze litten. Elkenien frege harren ôf fan wa ’t se no wêze soenen. Doe ’t wy se fan tichtby seagen wisten wy it lyk. Dizze kinne mar fan ien SDS’Jesse’r wêze. 😉
Skorst
De skiedsrjochter by Heeg 1 – SDS 1 hie dúdlik genôch kaarten meinaam. Hy jûch mar leafst 10 giele kaarten. 6 foar Heeg en 4 foar SDS. Lourens krige 2 giele kaarten en mocht wat earder ûnder de brûs as de rest. Pieter Sytsma krige syn 4e fan it seizoen en dat betsjut dat hy de folgende wedstryd skorst is.
Tikkie-werom-Jaap-klassemint
Arjen Los makke juster syn rentree by SDS yn de oefenwedstryd tusken SDS 2 en Makkum 2. Hy fuotballe net ûnaardich en skoorde sels by syn ‘debút’. Spitich genôch al yn de ferkearde goal………….
SDS-League
Hjoed nei Studio Sport allegear efkes in SDS-League-ynskriuwformulier ynfulle! Jim kinne him hjir fine. Hy moat ynlevere wurde foar kommende sneon 19.00 oere.
Easterein Rocks
Fannemiddei is der in alderaardichst initsjatyf fan Easterein Rocks. Sij organisearje in Live muzykkwis en dy wurdt holden yn Noflik. Muzyk stiet foarop mar geselligens is like wichtich, Jim kinne der hjir mear oer lêze.
Harsens derby (1831)
Dit moasten mear spilers dwaan! Alfêst juiche foar ’t je skore.