
Sneon om 14.30 oere alwér in topper: SDS 1 – Makkum 1. Kom allegear!
10 april 2026Foto’s Treffer
13 april 2026It wurdt wer in moaie sneon.
Moai waar en tal fan fuotbalwedstriden op alle nivo’s.
Wat in wille!
Spitich foar de mannen fan de JO17-1 dat harren wedstriid op Skylge tsjin AVV net troch giet.
Ek de wedstriid fan de JO19-1 giet net troch.
| 09:15 | SDS JO11-2 – SC Bolsward JO11-2 | 4-1 |
| 09:30 | SDS JO9-1 – SJO DFC JO9-1 | 0-6 |
| 09:30 | SDS JO8-1 – Makkum JO8-1 | 5-5 |
| 09:30 | SDS MINI-League | |
| 10:00 | SDS JO14-1 – Delfstrahuizen JO14-1 | 2-2 |
| 10:40 | SDS JO12-2 – SC Franeker JO12-3JM | 6-2 |
| 10:40 | SDS JO10-1 – SC Bolsward JO10-1 | 10-4 |
| 10:40 | SDS JO8-3 – SJO AVC/Tzummarum JO8-1 | g.n.t. |
| 14:30 | SDS 1 – Makkum 1 | 0-0 |
| 14:30 | SDS 2 – Minnertsga 2 | 1-0 |
| 08:30 | SJO Oudega/HJSC/Heeg JO19-1 – ST SDS/Nijland JO19-1 | g.n.t. |
| 08:30 | Blauw Wit ’34 JO11-2 – SDS JO11-1 | |
| 09:00 | ST Hielpen/QVC JO13-1 – ST SDS/Nijland JO13-1 | |
| 09:00 | Balk, JO12-1JM – SDS JO12-1 | |
| 09:00 | Akkrum JO12-2JM – SDS MO12-1 | |
| 09:00 | SJO Arum/Stormvogels ’64 JO9-1JM – SDS JO9-2 | |
| 09:00 | Oosterlittens JO8-2 – SDS JO8-2 | 2-7 |
| 10:00 | Terschelling JO10-1JM – SDS JO10-2 | |
| 10:30 | Zeerobben JO15-2 – ST SDS/Nijland JO15-1 | |
| 14:15 | AVV JO17-1 – ST SDS/Nijland JO17-1 | g.n.t. |
| 15:00 | Hielpen 2 – SDS 3 | 1-4 |
| 15:00 | Oosterlittens 3 – SDS 4 | 3-0 |
SDS 1 – Makkum 1
Douwe

Melle Stegenga en Tjerk van der Werf wienen pupillen fan de wike en woenen fansels mei Ate Schaap op de foto.
SDS 2 – Minnertsgea 2
1-0 foar SDS 2!
Wy sjogge út nei it wiidweidige ferslach!
Hielpen 2 – SDS 3
SDS 3 wint knap by Hielpen 2 mei 1-4 .
De doelpunten fan SDS waarden makke troch:
Milan⚽️
Pieter⚽️
Jasper⚽️
Rutger⚽️
Vv Oosterlittens 3 – SDS 4
Yn de hurde wyn gie SDS 4 nei in knappe searje útslaggen mei 3-0 ûnderút yn de derby………….
Sûnder help fan oare teams slagge SDS 4 der yn om 15 fuotballers sa fier te krijen om te baljen. Begryplijk as je foar it earst yn de skiednis in derby tsjin vv Oosterlittens balje meie.
De ienige dy’t dizze moaie middei bedjêrre koe wie de wyn. En dat slagge.
Feite wûn de toss en foar de wedstriid wie al besletten om dan de earste helte tsjin de wyn yn te baljen.
SDS fuotballe de earste helte hielendal net ûnaardich, mar in knap skot op goal fan VVO foel, droegen troch de wyn, mei gang efter keeper Marco Hoekstra; 1-0. En in twadde kâns efkes letter fan VVO levere sels de 2-0 op. In hearlijk skot mei links op de oare kant fan Hendrik de Jong waard knap keard troch de keeper fan Littens. Mei in 2-0 efterstân gienen de mannen oan de té en dat joech fertrouwen foar de twadde helte. Ommers spile dan SDS 4 foar de wyn.
Mar SDS 4 wie de twadde helte it paad hielendal bjuster. Sy koenen mekoar net mear fine. Wol twa dikke kânsen foar SDS fan Jildert(knap keard troch de keeper) en Hendrik(knappe foarset, binnenkant foet sit dy altiten, mar de goal wie leech en Jildert rûn der ek noch in bytsje foar en it waaide ek hurd……).
It wie oan keeper Marco Hoekstra te tankjen dat VVO net dikker foarkaam. Mei in pear knappe refleksen hold hy syn goal sa goed as skjin, mar nei de 3-0 wie de wedstriid spile.
De gesellige neisit yn de noflike kantine fan VVO mei gesellichheid, fleskes bier en hite nútsjes, makke úteinlijk noch in soad goed.
Mei oare wurden; no al nocht oan nije wike!
En de folgende kear mar wer yn de wyn begjinne.
En miskien wat help fan oare teams lykas VVO 3 😉


