Weppers snein 5-1

Weppers freed 3-1
3 januari 2014
SDS League: Tsjalling Sikma pakt 1e priis!
6 januari 2014

Snertrin
Der wiene juster 18 hurdrinners dy’t meidiene oan de snert rin. Dat hawwe der wolris mear west, mar lit ús mar sizze dat de kwaliteit oerbleaun is.
Krekt foarbij Wommels ûnderweis nei Easterein drave de nû 1 en 2 al op kop. Tsjipke einige as earste yn 40.08 en Anne as twadde yn 40.17. Tsjipke sjocht hjir noch wol eangstfallich efterom om te sjen wêr’t nû 3 bliuwt.

En dêr wie de úteinlike nû 3 al: Ewout de Boer. Syn eintiid wie 41.19 en heit Tamme makke dizze en oare foto’s. Moarn noch in oantal foto’s.
 
Hurdrintiden mânlju
Tsjipke Klaas Okkema 40,08
Anne Stenekes 40,17
Ewout de Boer 41,19
Lieuwe Hoekstra 41,29
Jan Stenekes 45,01
Ruurd Visser 45,3
Klaas van der Weg 45,52
Remco Huitema 46,2
Wessel Wijnia 46,42
Jelte Pieter Dijkstra 48,02
Dirk Yde Sjaarda 49,14
Hendrik de Jong 50,21
Syb Overal 50,34
Marco Rijpkema 51,4
Harm Auke Dijkstra 59,03

Hurdrintiden froulju

Annelies de Jong 52,44
Rigt Folkerts 58,32
Metsje Huitema 58,32

Kuierje
Der wiene dit jier mar leafst 22 kuierders: Johan, Boudewijn, Popko, Wilco, Halbe Willem, Wilma, Janneke, Brecht, Ids, Andries, Siebo, Pieter, Immie, Jelle, Hans, Dieuwke, Petra, Klaas, Willem, Tiny, Pep, Oetze.




Alwer twadde
Fansels wie Anne Stenekes hartstikke wiis mei syn twadde plakje by it hurdrinnen, mar it wurdt hast al tiid foar in earste plakje. Dit wie namelijk de fjirde kear dat hy twadde waard…….

Tsjalling Sikma wint de SDS League
Juster waard op de nijjierssit bekend makke dat Tsjalling Sikma de SDS League wûn hat. Hy bleaun Jelle Wiersma en Lolke Hofstra krekt foar. Letter mear hjiroer.

Dooitze dé SDS-League kenner
Dooitze Nauta eindige dan wol net hiel heech mei syn team yn de SDS-League, wol wist hy de einklassering aardich foar te sizzen. Sa hie hy 5 fan de earste 11 op it goeie plak setten. Dooitze krige juster as priis in moai boek kado. Oer hurdfytsen……….
Johan Delfsma hie 4 fan de 11 goed.

Fanút it wedstrydsekretariaat

Beste mensen,
Ook vanuit het wedstrijdsecretariaat iedereen een gezond en sportief 2014 toegewenst. Voor de leiders die zaalvoetbal spelen: VERGEET niet om de standen even door te geven aan ons.
vriendelijke groetjes,
Pieter en Andre Christiaan


D1 yn de seal
Eindelijk weer een veld op: D1 stond vandaag in de oudste sporthal van Leeuwarden. Op het glanzende parket was het wennen voor de mannen. De eerste wedstrijd tegen Frisia werd dan ook, sterk tegen de verhouding in overigens, verloren met 1 – 0. In de pot tegen de Leeuwarder Zwaluwen ging het een stuk beter. Sander scoorde de 1 – 0 met een bekeken schot. Na een hachelijk kwartiertje zette Steven, Hendrik met een leep balletje vrij voor de goal. Aangezien de keeper inmiddels in de spits was beland was het een peuleschil om de genadeklap uit te delen. Resultaat: 3 punten uit twee wedstrijden. Volgende week de volgende punten pakken.
Tjerk

Muzyk
It rûn allegear wat oars, mar dizze muzyk soe juster eins draaid wurde op de nijjierssit. Gean der mar ris rêstich foar sitten.
Freddie Scheltema lit ús witte him wol fine te kinnen yn de list.

OFK
Moandei meie de froulju fan SDS DA1 los op it OFK yn Frjentsjer en tiisdei de manlju fan (âld)SDS 1 seal. Tongersdei gienen de earste foarrondes al los. Jim kinne der hjir alles oer lêze.

Harsens derby(1182)
De F-kes hienen juster in sealtoernoai yn de sporthal yn Easterein. Ien ding wie dúdlik. Arjen Stremler makke de moaiste goal: