SDS League: Tsjalling Sikma pakt 1e priis!

Weppers snein 5-1
5 januari 2014
Weppers moandei 6-1
6 januari 2014

De einstân fan de earste helte fan de SDS League is sneon bekend makke op de nijjierssit.

Tsjalling Sikma wint mei “FC Dronryp” dizze earste helte fan de SDS League. Hy bliuwt Jelle Wiersma mei “Gjin Idee” krekt ien puntsje foar. Lolke Hofstra is 3e wurden mei 4 puntsjes efterstân.


Tsjalling Sikma pakt de earste priis.

Jaap de Blaauw komt mei “Friesland United” krekt ien puntsje te koart foar de top 10, mar pakt noch wol efkes de wykpriis. Hy hat krekt ien puntsje mear as “Anne Steen op nr. 1”. No is Anne Stenekes it lokkich genôch wol wend om twadde te wurden………

Harm Bergsma kin wer moai foar €12,50 oan gehaktbollen draaie no ’t hy mei syn team de poedelpriis pakt. Wylst kin hy moai syn nije team gearstalle. (Ge)Hakansson(foarhinne SC Heerenveen) is spitich genôch gjin opsje mear. (Gehakt)Balotelli spitich genôch ek net…..

As alles goed giet dan wurde ein dizze wike de prizen oermakke.

Begjin febrewaris kinne jim wer meidwaan oan de twadde helte fan de SDS-League. De spilerslist kinne jim dan hjir op de webside wol wer fine.

Sjoch hjir foar de einstân:
wike 13.