Weppers snein 4-5

Ut-en ferslaggen 3-5
2 mei 2014
Weppers moandei 5-5
4 mei 2014

Kopdoel B1

SDS B1 spile juster in doelpuntrike wedstriid. It waard mar leafst 8-6. Dizze foto fan Thom en/of Afke jout nei alle wierskynlikheid it byld fan in doelpunt. (klik op de foto foar in fergrutting).

Strafskop D2

D2 spile in spannend potsje tsjin St Annaparochie D2. It waard úteinlik beslist troch in strafskop dy’t iets better te sjen is at jim op de foto klikke.

Bale MC1
Dat wie efkes flink bale foar de fammen fan MC1. Sij stiene klear om tsjin Leeuwarder Zwaluwen MC 1 te spyljen mar de boks fan de tsjinstansters bleau leech.

SDS D1 on tour

Altyd moai, fuotbalje op Skylge. D1 hie dat útsje juster. Sij ferlearen mei 6-1 mar wij kinne ús net oars foarstelle dan dat se in prachtige dei hiene. Fia twitter seagen wij sa no en dan al wat foarbijkommen.

Glunderjende eachjes
Sneontemoarn bij Jumbo.
“Hoi Aant”
“Hoi Sjoerd”
“Aansens fuotbalje, oh ja nei Skylge,”
“Ja, sin oan”
“Hoe let moatte jim”
“Wit ik net”
“Moatte jim op keunstgers”
“gjin idee”
“Wannear komme jim werom”
“Soe it net witte”
“Sin oan?”
“No en of, machtich”

It ferslach fan dizze tige slagge  mar foaral soargeleaze dei foar de jonges  fan D1stiet bij ferslaggen

Perioade Marco
Marco Hoekstra ferline jier noch trainer fan SDS 2 hat syn earste sukses binnen bij Scharnegoutum 1. Hij helle de peroadetitel binnen en kin sa besykje de 4de klasse binnen te kommen. Us lokwinsken fansels en sukses.

De Wâlde 1 kampioen
Yn 3A is de Wâlde 1 juster kampioen wurden. Sij wûnen sels en (hoe is it mooglik) Nijland 1 ferlear. Underyn is der noch neat beslist, omdat alle ûnderste ploegen punten pakten. Us lokwinsken geane dus ek nei de Wâlde.

Letter mear