Weppers moandei 5-5

Weppers snein 4-5
3 mei 2014
Weppers tiisdei 6-5
6 mei 2014

A1
Op tiisdei 6 maaie spilet SDS A1 tsjin Heerenveen A3. It is in útwedstriid en it begjint om 19.00 oere.

Festival
Unbegryplik dat hjoed allinne de skoallen ticht binne en de amtners frij binne want it tradisjoniele Befrijingsfestival yn Ljouwert is ek dit jier de muoite wer wurdich. Fanôf 13.00 oere (ynearsten dus foar amtners, pensioenearden en ûnderwiisfolk) is der al
in programma.

SDS D2  –  Sint Annaparochie C-junioren/D-pupillen kombinatie:     3  –  2
Hjoed de wichtige thuswedstryd tsjin St.Anna. Ut tsjin dizze mannen hiene we net te klaaien. We krigen yn de allerleste sekonde in penalty wertroch we mei 4-3 wunen.
Under grutte belangstelling fan in soad publiek sette de wedstryd om 10.45u utein. Mei noch hieltiid sich op it kampioenskip moast der hjoed beslist wun wurde. De mannen fan SDS wisten wat der op it spul stie, en se begongen dan ek sterk oan de wedstryd. De grutte jongens fan St. Anna koene allinich mar tsjinhalde mar dit dienen se goed. Tsjin de ferhalding yn kaam St. Anna yn de 11e minut ek noch op in 0-1 foarsprong. In fikse tsjinfaller fansels, mar de mannen fan SDS lieten de kop net hingje. Yn de 17e makke Luka de lykmakker, ut in hoekskop die ’t sels naam. SDS bleaun goed fuotbaljen en St. Anna bleaun goed tsjinstan bieden, nei nammen fysiek. Toch wat geklungel by us efterien, makke St. Anna yn de 20 minut de 1-2. Gelokkich wie it Stan die krekt foar rest de 2-2 op it skoreboerd sette.
Yn de rest waarden wy der attent op makke dat der by St. Anna trye spylers yn it fjild stiene, die net spylje mochten by de D’s. It nye ynfierde digitale wedstrydformulier aksepteare dizze spylers net omdat it gjin D-pupillen wiene mar C-junioren!!! De lieder fan St. Anna wist fan neat en spyle neffens him altyd mei dizze spylers. Ferskate tillefoantjes fan de lieder fan St. Anna holpen neat, want by St. Anna wie net ien berikbar. In goed oerlis ha we besluten om troch te fuotbaljen, en nei ofrin fan de wedstryd noch te praten oer hoe we dit ofhandelje.
De twadde helte, wie lykas de earste helte, foar SDS. Mei hurd wurkjen en goed fuotbal waard St. Anna hielendal festsetten, mar it ofmeitsjen fan de kansen barde net. Fiif minuten foar tiid waard der “hands”makke yn de 16-meter fan St. Anna. De goed liedende skiedsrjochter Remco Hijlkma koe net oars dan de bal op ‘e stip lizze. Tjitse gie efter de bal stean en mei tank oan ”it polletje” bedarre de bal yn it netsje. Einstan 3 – 2.
Wer in prima wedstryd fan SDS D2 tsjin in kombinaasje van C’s en D’s fan St. Anna.
Omdat we wun hiene, ha we besluten hjir fjirder gjin wurk fan de meitsjen.
Mei noch trye wedstryden te gean, lizze noch hieltiid op ”kampioenskoers’. Nye wike is it derop of derunder. We spylje dan yn Ljouwert tsjin koprinner FVC. Thus ha we ferlern dus we ha wat goed te meitsjen. We binnen nye wike wer op folle oarlochssterkte en sille der alles oan dwaan om de trye punten mei te nimmen nei Easeterein.
Theo