Weppers snein 4-1

Liftwedstriid (4 en slot)
3 januari 2009
Weppers moandei 5-1
4 januari 2009

Werom
De lifters, mei ús Sjoerd, komme om 17.00 bij Jimbar oan.

Harm Bergsma 70!
Harm Bergsma is hjoed 70 jier wurden. Fan herte lokwinske! Jim kinne by syn hûs efkes 4 kear toeterje of him efkes skilje fansels. Syn nûmer is: 332476

Fan herte lokwinske!

Noch net traine
SDS 1 soe kommende tiisdei wer begjinne te trainen. Dit giet net troch. Kommende tongersdei sille sy foar it earst traine.

Midwintercup
Moandeitejûn begjinne de foarrondes foar de Midwintercup. De mannen fan SDS spylje dan yn Frentsjer. Sy meie lyk los om 18.45. Dit binne de wedstriden:
18.45 SDS – Holwerd
19.30 SDS – Exstador
20.15 SDS – Blauw-Wit ’34 futsal
21.15 Avanti – SDS
22.15 SDS – Warga
Klaas Okkema sil nei Frentsjer mei de folgende spilers:
Jaap, Harm, Feite, Peter, Sietze, Hjalmar en Willem.
Sy fertrekke om 17.45 by de kroech wei.

Slagge dei
De aktiviteitendei fan SDS is wer goed slagge. Foar elkenien wie der wat om mei te dwaan.  In byld oan de hân fan foto’s fan Henk Bootsma
.


Sa wiene dêr de kuierders. Sipke, Pep, Tiny, Anne en Oebele dienen it rûntsje Hinnaard om en Wij hawwe begrepen dat se neat ôfsnijd hawwe troch oer it iis te gean.


Sa’n 50 manlju/froulju stiene oan de start fan in rûntsje Skrok-Ald dyk om.


Op it paad bij Skrok formearden de groepkes sich. Dit is kopgroep.


Peter Sijbesma wie de snelste. Hjir giet hij oer de finish.


En Tineke Meijer wie bij de froulju de snelste

 
En doe wie der elkenien snert. Eke, Gatske en Annie hiene der mar drok mei.


en wa’t net rûn hie mocht gelyk oan it bier.

Mear foto’s
Jim kinne mear foto’s sjen op de side fan
Henk Bootsma.

Fotokwis
In drege fotokwis at wij sjogge hoefolle briefkes wij útdield hawwe en hoefolle wer ynlevere. Letter de útslach.  En ûnder dizze link
fotokwis 2009 kinne jim de foto’s noch in kear sjen. Yn de rin fan de kommende dagen sette wij de nammen der bij.

Swinging Stars
Op de webside fan de Swinging Stars kinne jim noch folle mear foto’s fine fan de nijjierssit(klik hjir).

Pet op, pet ôf!
Der waarden juster 2 rondes “pet-op, pet ôf” spile yn de kantine. Rutger Sybesma en Wiepkje Hiemstra wienen de gelokkige winners fan in SDS-taske mei dêryn in dvd fan Studio Spaan. Hjirûnder ien fan de hichtepunten op dizze dvd: