Liftwedstriid (4 en slot)

Weppers freed 2-1
1 januari 2009
Weppers snein 4-1
4 januari 2009

It is no sneontemoarn 11.00 oere en de berjochtjouwing oer de lifters sit der hast op. Sa no en en dan noch in sms-ke en mooglik in mailtsje. Wij hâlde jim op de hichte wannear se werom binne.

De liftwedstriid hat de lêste dagen in prachtich muzikaal slot krigen wat ús bijsûnder oansprekt. Derom no efkes op in rige de muzikale groeten dy’t oanfrege binne foar Sjoerd en Teade, omdat sij it dreech hiene. hiel dreech mar dochs it doel noch helle hawwe…. Hoe???

It begong allegear mei dit berjocht.

16.46 SMS fan Sjoerd en Teade
De keuzes die je maakt zullen altijd de juiste zijn, want je hebt ze zelf gemaakt (van dik hout). Wij smite de handoek yn Salzburg. Fjirder noch gjin idee. Sjaal om.

Opmerking Aant
Sneu dat sa’n goeie muzyktekst fan fan DikHout op harren fan tapassing is. Skreau Tsjeard op 1-1-2009 net om 23.15 dat Sjoerd en Taede in gokje diene? Witte jim ek in leuk en tapaslik liet foar Sjoerd en Teade, mail it nei
sds-nijs@home.nl . Dan kinne wij se muzikaal groetsje en in hert ûnder de riem stekke, wêr’t se ek mar binne fannacht.

Sytze Jorritsma freget oan:
Waarheen, waarvoor fan Mieke Telkamp

Janneke van den Elshout, freondinne fan Teade, freget oan:
Een eigen huis fan Rene Froger

Teade Rispens freget oan:
Lost fan Coldplay

Aant Hofstra siket it yn de muzyk fan Creedence C.R.
Sweet Hitch Hiker

Gerrit Koudenburg freget in prachtich nûmer oan ta stipe:
On the road again fan Canned Heat.

Tjally , de mem fan Jaring, jout de mannen in goeie tip mei al wer in hearlik nûmer
Ik denk dat ik dat lopen  fan Blof

Margje Koudenburg-Reijinga siket it bij de leuke reklame fan Audi:
Woody Guthrie sjongt de Car Song

Gerrit en Anneke , Gertjan en Karen sykje in liet ticht bij hús. Piter Wilkens, yn in moaie live fersje, wit hoe’t it sit mei it Paad werom

Sipke Hiemstra, wist noch dat de mannen it ek op in fyts besocht ha, dus de link nei Boudewijn de Groot is gau makke. Jimmy oftewol de Eenzame fietser.

De groep yn Tulln hat in hiele rige nûmers troch maild.

Als je wint heb je vrienden fan Herman Brood

Go your own way fan Fleetwoord Mac

Adieu sweet Bahnhof fan the Nits

Lost fan Anouk

You never walk alone fan Lee Towers

Stuck in a momint fan U2

So lonely fan the Police

Kwestie van geduld fan Rowwen Heze

Never be clever fan Herman Brood

I like to move it fan Real 2 Real

Dont’t stop fan Outhere brothers

Patience fan Guns en Roses

Tsjeard Hofstra wist fannacht ynienen noch in tapaslik liet foaral foar Teade. It lot fan Tea(de) yn de útfiering fan Tsjettel. Dwerskop klip is der wol en och wat is it ferskil

Troch jim muzikale groeten oan Teade en Sjoerd hawwe se it rêden. Kanjers binne it soe Erika T. wol sizze. Kanjers!  

Snein 4 jannewaris

02.13 SMS Allegear
We binne no sa’n 6 oeren Underweis (Nurnberg) Noch 10 te gean. In oantal leit op bêd, in oantal net. Shalom.

Foto’s fanút Tulln

17.00 oere oankomst bij Jimbar 
Om goed 17.00 oere binne de 14 lifters en liftsters wer oankommen bij Jimbar. Min fan de lange reis mar fol moaie ferhalen. Anna-Marie Wijnia wie der gelyk bij om de ferhalen op te fiskjen foar Diggelfjoer.
Wij hawwe yn alle gefallen heard dat it net folle skeeld hie of Sjoerd hie syn SDS-sjaal kwyt ôfstien. Dêroer letter mear.

Berjocht út Eastenryk

Hallo Vybren!
Attached findest du ein Foto, dass ich von euch gemacht habe. Ihr ward wirklich eine Super-Gruppe!
Die Artikel aus der Zeitung schicke ich euch noch, wenn sie erschienen sind.
 
Liebe Grüße!
Albert