Weppers moandei 5-1

Weppers snein 4-1
4 januari 2009
Winterprogramma SDS 2
5 januari 2009

Midwintercup (1)
Jûn begjinne de foarrondes foar de Midwintercup. De mannen fan SDS spylje dan yn Frentsjer. Sy meie lyk los om 18.45. Dit binne de wedstriden:
18.45 SDS – Holwerd
19.30 SDS – Exstador
20.15 SDS – Blauw-Wit ’34 futsal
21.15 Avanti – SDS
22.15 SDS – Warga
Klaas Okkema sil nei Frentsjer mei de folgende spilers:
Jaap, Harm, Feite, Peter, Sietze, Hjalmar en Willem.
Sy fertrekke om 17.45 by de kroech wei.

Midwintercup (2)
Tiisdeitejûn binne de froulju fan SDS oan de beurt foar harren foarrondes foar de Midwintercup. Sy spylje yn Ljouwert yn de Wiardahal. Dit is harren programma:
19.30: HZVV – SDS
20.00: SDS – SC Berlikum
20.30: Futsal Heerenveen – SDS
21.15: SDS – Ternaard
22.15: DTD – SDS

Map kwyt!
Hoi,
Wy fan SDS 3 binne us map kwyt. Hjir sitte belangryke dingen yn. Warskynlik is hy lizzen bleaun yn de kantine. Hat ien us map sjoen, lit it sa gau mooglik witte, fannemidei ha wy him nedich!!! 
Groeten Jan

Winterprogramma SDS 2
Wy hawwe it winterprogramma foar SDS 2 ek binnen krigen fan Klaas Okkema. Sy begjinne sa ’t it no stiet sneon wer op it fjild(klik hjir).

Earste foto
Ofrûne sneon hiene wij in fotokwis mei opmerklike foto’s. Ferskillende skeinde knibbels of oar lijen wie te sjen. It liket der op dat wij de earste foto foar de kwis fan 2010 al binnen ha.

Wat it eintsje fan in flinter/nitraat bom net kin dwaan! Ik bin grif de earste moannen net te finen op it fuotbalfjild.
Wat jimme hjir sjogge is de knibbelholte wêr wat tsjinoan kaam en it is no, noch minder! alles is pimpelpears, twa kear sa dik, it wûntsje hast ûntstutsen en tefaak op knibbel wol net mear en dat fan tsien meter ôf!
Miskien dat de dieders, de smiters fan dy rotsoai ris yn de gaten ha,  dat as men sich sels al omdraaid en dan noch in sturtsje kriget. Iksels pleeit mysels net frij mar it bliuwt gefaarlik.
Stoffel.

Fotokwis (1)

Wij (lês Anne-Marije) ha de briefkes fan de fotokwis neisjoen. It foel op dat der meardere teams foarme wienen dat it gong úteinlik tusken sa’n 36 dielnimmers.  Wat foaral op foel wie dat de âlde foto’s dreech wiene, dat elkenien Stefan van Krimpen keepen seach wylst it Geert Poeze wie, dat Erik Haitsma skynber op Jan Stenekes liket, dat Sibe de Seefûgel like bekind is as Harm Auke Dijkstra, dat Gerrit Terpstra en Auke Hiemstra op Jacob Plantinga lykje at dy stiet te pisjen.

Fotokwis (2)
Skelte Anema en Tsjeard Halbersma kinne de foto’s fan SDS oan ’t no ta it beste. Sij hiene 18 fout en 84 goed.
Team Vakkie 13(Jacob Klaas en Tsjipke Klaas) hiene 19 fout en dêrmei is dúdlik dat Jacob Klaas him tidens de snertrace wat ynholden hat om hjir goed te prestearen.
De útslach oan ’t no ta (wy moatte noch 22 neisjen):
18 fout: Tsjeard en Skelte
19 fout: Tsjipke en Jacob Klaas
22 fout: Klaas, Marco, Klaas, Roel, Geert, Robert, Jacob
22 fout: Jan Simon, Remco en Bote
24 fout: Ids en Sybren
24 fout: Anco
25 fout: One Two trio
28 fout: Ralph en Eeltje
29 fout: Tjeerd en Ids
29 fout: Ype, Daan Lolke
34 fout: Popko, Anne en Meinte
37 fout: Hotske en Baukje
52 goed: Enno, Yde, Tinus en Rein
43 goed: Eisma, Bergsma , Twijnstra

Opmerklik taferiel
Bij de 5 kilometer rin in opmerklik taferiel oan it begjin fan Easterein. Willem stie dêr te wachtsjen op Aant: “Wij moatte efkes rêstich oandwaan, oars helje wij Jacob Klaas, Erik en Eeltsje yn” 
Wij hawwe it lêste ein mar rûn, want dat soe wol hiel sneu west ha foar dy trije toppers.

Foto

De foto fan Henk Bootsma dy’t wij ferline pleatsten mei 4 broeken wie noch net sa maklik. Sels betûfte broekenkenners as Popko en Meinte kamen der net út, wylst se der sels op steane.

Fotokwis (3)
Ek de winner fan de SDS-fotokwis krijt in SDS-taske mei dêryn in DVD mei de hichtepunten fan Studio Spaan. Hjir ien fan dy hichtepunten: