Weppers snein 3-8

Skoalleseize drok
2 augustus 2008
Jûn de WK-finale!!
4 augustus 2008

Moarn de finale!
Moarntejûn yn Wommels it lêste WK fan dizze simmer. It folgende affysje foel by ús op de matte:


Werom
Wij kinne Jelmer Posthumus ynkoarten wer yn syn Barcelona sjurt sjen. Hij hat him werom. Op de Jongfeintepartij per ûngelok meinommen troch immen út Tsjummearum. Dy hat sich melden.

Opfallend 

It fuotbal fan SDS mei dan wol stil lizze, de besikers fan SDS-nl litte ús net yn de steek. Tige opfallend is it feit dat it oantal unike besikers yn dizze moanne hast like heech is as yn de topmoanne maart.

Oandwaanlik

Dat binne de wurden dy’t wij brûke wolle bij de foto dy’t Henk Bootsma makke op de PC. Gerrit Flisijn dy’t Jacob Klaas Haitsma efkes bemoedigjende wurden ta sprekt: “Kop del jong”

OS poultje


Simpel en snel, met ospoultje punt nl

Freed diene wij in oprop om hjir oan mei te dwaan. Der binne ûnderwilens al 5 dielnimmers. Dus kenners, doch mei.
At jim
hjir sjogge, dan kinne jim registreare. Jou oan dat jim meidogge yn de subpool SDS en klear is Kees.

Trije Sjaarda’s
Twa sussen fan Dirk Yde Sjaarda binne no ek yn Australie. En at je yn in koarte tiid in soad sjen wolle, dan makket Dirk Yde gewoan in strak skema. En organiseare dat kin hij as de beste. Sjoch
hjir.

Fuotbal en keatse
Riemer van der Velde hie in rol bij it winnend partoer op de PC. Hij makket ek de fergeliking mei it EK en dan
meinamme de rol fan Hiddink. Harkje
hjir.

Futsal
As wy dit sjogge dan krije wy suver wer nocht om yn de seal te baljen:

Letter hjoed miskien wol mear.