Weppers snein 3-8

Efkes Balje
2 augustus 2014
Weppers tiisdei 5-8
4 augustus 2014

SDS 1 tiisdei los
Foarige wike melden wy hjir dat SDS 1 kommende moandei foar it earst wer traine sil. Dit kloppe fansels net. As jim it skema goed besjogge dan is de earste training kommende tiisdei. De tiid is ús net bekend.

WK
De finale fan it Wommelser Kampioenskip is moandei om in oer as 19.30. Dizze saneamde WK-finale is fansels op de Terp. Allegear efkes 2 euro meinimme!

Alderaardichst
fashion2
Mocht SDS nochris in nije foarsitter krije dan sil it dochs net sa wêze dat dy it kluptenue fan SDS feroarjen giet?

Peppi & Kokki
Peppi & Kokki binne by Scapino en rommelje sa ek efkes yn in bak mei fuotballen om. De iene nei de oare probearje se en litte sy moai op de grûn lizze en dogge se net werom yn de bak. Wannear ’t sy fuort sille seit Peppi;”wy hoefe de ballen net op te romjen, heit! Sjoch dat boerd mar ris; “Scapino ruimt op………………..”

Harsens derby(1312)
Miskien in idee om dizze ferdigener de rest fan it seizoen mar yn de spits te setten?