Weppers snein 3-5

Ut en ferslaggen 2-5
30 april 2015
Weppers moandei 4-5
3 mei 2015

SDS F1 kampioen!
SDS F1 is juster kampioen wurden yn Wytmarsum troch mei 6-4 te winnen fan Mulier. Wy binne benijd nei de kampioensfoto’s. Mei de kampioenspatat wurdt noch efkes wachte oan’t nije wike.

SDS E3 kampioen!
SDS E3 waad juster yn Wommels kampioen troch mei 3-0 te winnen fan Scharnegoutum E4. De sjampanjelimonade yn Wommels smakke lekker, mar de kampioenspatat yn Easterein miskien noch wol folle better!


Bliid
Bij A1 wie justermiddei alles en elkenien bliid. De A’s bliuwe earste klasser en dat is in goeie saak.

Pupillen fan de wike

De pupillen fan de wike wiene juster Milan van der Weg en Niels van Lelyveld. Sij mochten nei de wedstriid op de foto mei harren helden fan de dei: Teun Heeres en Jelmer Posthumus.

SDS 1
Kommende sneon is it noch in spannende dei yn de tredde klasse A. Net om it kampioenskip mar wol om de lêste perioade en de degradaasje- neikompetysjeplakjes.
De lêste perioade  kin allinne noch wûn wurde troch WPB en sc Joure. WPB hat bij winst op Tonego de tredde perioade en bij ferlies kin Joure dizze noch pakke mar dan moatte se winne fan QVC.
Mar sc Joure sil net echt foar de periode gean, sij wolle winne om Tonego en SDS noch foarbij te gean op de ranglist om degradaasjewedstirden foar te kommen.
SDS moat tsjin Bant en SDS hat oan ien punt genôch om sc Joure der ûnder te hâlden. Mar Bant kin bij winst en ferlies fan SVM noch gelyk einigje mei SVM sadat in beslissingswedstriid dan útkomst biede moat wa’t
degradearret.
Koartsein, wij winskje SDS in soad sukses om de punt te heljen, en wij winskje WPB like folle sukses  ta om Tonego te ferslaan en wij hope fansels ek dat QVC it seizoen thús goed ôfslut mei winst op sc Joure.

Nijland 1
Fansels gean de lokwinsken út nei Nijland. Sij binne no twadde klasser en dat is fertsjinne op basis fan de lêste twa jier. Fansels hawwe se der yn Nijlân  “mingde gefoelens” oer, want se sille de derbys tsjin SDS fansels ferskriklik misse.


Nijland (2)
De mannen fan vv Nijland gienen juster efterop in trailer fan Sandstra in rûntsje Súdwesthoeke dwaan en riden troch Easterein en Wommels. Sy stoppen efkes by de Jimbar yn Wommels, mar dêr wie fansels net ien. Alle SDS’ers wienen fansels (noch) yn de fuotbalkantine yn Easterein.


Foto’s Henk Bootsma

It wie juster moai waar foar Henk Bootsma om efkes wat plaatsjes te sjitten by SDS 1 – QVC 1. Jim kinne se hjir sjen.

Harsens derby (1493)
Hite kroketten!!!