Weppers moandei 4-5

Weppers snein 3-5
2 mei 2015
Befrijdingsweppers
4 mei 2015

De SDS-keunstgerslotten ynleverje foar 17 maaie!

Dit wykein binne der dochs wer sa ’n 25 lju west dy ’t it jild en oerbleaune lottenboekje ynlevere hawwe.
Wa ’t syn 10 m2’s keunstgers ferkocht hat mei it jild bringe, mar kin it jild ek stoarte op rekkennûmer: NL83RABO0301290067 t.n.f. SDS-keunstgers
Fermeld dan wol dúdlik wa ’t de lotten ferkocht hat en leverje it lottenboekje noch wol efkes dizze wike yn by;
Remco Bervoets, It Stalt 27, Wommels
of by
Douwe Dirk Reitsma, Smidslân 11, Easterein

Mulier F1 – SDS F1   4 – 7
F1 wûn sneon yn Wytmarsum mei 4 – 7 fan Mulier F1. It wie net de bêste wedstriid fan de jongens, mar de oerwinning wie dik fertsjinne. Se hiene ek no wol wer mear as tsien goals meitsje kinnen, mar wiene wat slordich in it ôfwurkjen. Yn de ferdediging gong ek noch wolris wat mis. Der spiele fansels mei dat se kampioen wurde koenen, dat giet je net yn de kâlde klean sitten, spannend. Efterôf die blyken dat Nijlân F1 gelykspiele hie tsjin SC. Boalsert F3. Feest, want no is F1 net mear yn te heljen. Acht punten foarsprong mei noch twa wedstriden te gean. Kampioen dus, machtich!
De jongens fan F1 binne dit seizoen yndividueel en as team tige groeid. Yn de earste kompetisjehelte draaiden se al mei boppeyn en yn de seal krekt net earste. Mar yn de twadde kompetisjehelte fanôf it begjin fleanend. In soad wedstriden wûn mei mear as tsien goals. It ferskil: Nijlân spiele gelyk tsjin Boalsert, wêr’t tsjin SDS F1 mei it skoft al 11 – 1 foar stie. Bartele is efteryn in net te passeren rots yn de branding, Tom ûnderbrekt hieltiid mear oanfallen fan de tsjinstanders, Jesse is de wervelwyn op it middenfjild, skeakel tusken ferdediging en oanfal, Timen bout it spul op mei prachtige koarte en lange passen en sjit snoeihurd út de twadde line, Niels en Raymond binne de supersnelle, altyd driigjende flankoanfallers die’t it fjild breed hâlde en goeie foarsetten jouwe, Stern is as skaadspits libbensgefaarlik en keunstig yn de lytse romte, Jesper spielet oeral goed en is dan ek meastentiids ús “multifunksjonele spieler” (jawol) en Yke slalomt as in alpineskier troch de ferdeging fan de tsjinpartij en prikt der dan faaks in bal yn. As team sitte se mei syn allen altyd fûl op de bal en snije se betiden mei prachtige oanfallen oer fjouwer as fiif skyven nei de goal om dan te skoaren. Liedster Anneke fjoert it spul alle kearen fol passie oan.
De kampioenen sille harren keunsten noch ien kear thús fertoane, op it fuotbalfjild yn Wommels, 16 maaie tsjin Nijlân. Komt dat sjen.
Felisiteard jongens, Lukas

Aan alle pupillen van SDS.
Op vrijdag 29 mei organiseert de jeugdcommissie voor alle pupillen van SDS weer de jaarlijkse slotjûn. Ondanks dat we slechts een één veld hebben, is er een mooi programma samengesteld. We gaan weer penalty-schieten, er wordt gestreden om het kanon van SDS en de scherpschutter van SDS. Natuurlijk doen we partijtjes. En nog veel meer.
Om 17:00 uur gaan we los. Kom op tijd zodat we ook meteen kunnen beginnen. Het programma duurt tot ongeveer 19:30. Gedurende de avond krijg je patat. En aan het einde wordt de winnaar van de minileague gehuldigd.
Je hoeft je niet op te geven, gewoon komen in je voetbalkleren! We willen op tijd beginnen dus een half uur voor aanvang aanwezig zijn (16:30 uur). Als je op de Skoalleseize komt, dan even melden in de kantine. Je hoort dan in welk groepje je zit. Onder alle aanwezige pupillen verloten we ook dit jaar weer mooie prijzen!
Tot vrijdag 29 mei.
De jeugdcommissie van SDS

Nei de toer ta
 
Yn Easterein is it allang in begryp. Nei de toer ta fuotbalje wol it beste. Yn Wommels koe dat nea, omdat it fjild oars leit. Mar sneon koe it wol. Hjir spilet SDS E4 tsjin koprinner Heeg E2 en sij slepe der in moaie 1-1 út.

Doarpentoernooi
It wie oare jierren sa dat it Doarpenfuotbaltoernooi yn Littens ein augustus holden waard. Dit jier is dat oars. It is no op freed 29 maaie. Jim kinne der
hjir alles oer lêze en opjaan moat foar 25 maaie. It prachtige affysje sille jim fêst hjir en dêr ek wol hingjen sjen.

Harsens derby (1494)
Aaaaaaaaaaaaaaaaaaaaaaaaaaaaaaaaaaaaaarrghhhhh!