Ut- en ferslagen 2-4

Weppers freed 1-4
31 maart 2016
Weppers snein 3-4
3 april 2016

Mochten jim fuotballe hawwe, mail dan de útslach, in koart ferslach, foto’s, doelpuntenmakkers, bysûnderheden, eigenaardichheden, apartichheden, nuverheden en wat ik mar nei  dizze adressen en skilje de útslach efkes troch nei de kantine: 0515-331700.
Twitterje @ff_sds mei fansels ek!
Graach sels!

SDS 1,3,4 en A1 gean foar 10 punten!
Earder dit seizoen pakten SDS 1,3,4 en A1 meielkoar 1 punt fan de tsjinstanners wêr ’t sy hjoed tsjin fuotbalje moatte. Wy geane hjoed foar 10!

09:00 SDS D1 MKV’29 D1  2-5
09:00 SDS E1 Nijland E1  5-1
09:00 SDS E3 Oudega/HJSC E2  
09:30 SDS  Minileaque  
10:00 SDS F2 SC Bolsward F7  
10:00 SDS F4 Woudsend F2  
10:15 SDS C1 LSC 1890 C3d  1-0
11:00 SDS C2 ONS Boso Sneek C3  1-4
12:00 SDS A1 L. Zwaluwen A1  4-2
12:30 SDS VR1 QVC VR1  1-2
14:30 SDS 1 Delfstrahuizen 1  2-1
14:30 SDS 3 SC Bolsward 3  5-1
09:00 Arum/Stormvogels C2 SDS C3  3-0
09:00 ONS Boso Sneek D3 SDS D2  2-3
09:00 Heeg E2 SDS E2  5-1
09:00 LSC 1890 F7 SDS F3  0-1
09:00 Bergum/BCV MC1 SDS MC1  
09:00 Dronrijp/Foarut MD2 SDS MD1  1-4
10:30 CVVO B2 SDS B1  4-2
10:45 LSC 1890 E10 SDS E4  4-3
11:30 Lions’66 6 SDS 4  4-2

SDS 1 – Delfstrahuizen 1      2-1
In wedstriid wêr’t SDS trije punten skoare moast om sich te mingen tusken allegear oare neikompetysjekandidaten.
In matige earste helte mei oan beide kanten min fuotbal en hast gjin kânsen. Dat de gasten op 0-1 kaam wie in wûnder.
Yn it twadde part fan de wedstriid kaam SDS frisser oan de start. Mei Jelmer Posthumus foaryn kaam der mear driging en omdat Teun Heeres dêrtroch mear fanôf it middenfjild kaam waard it suver leuk. De 1-1 foel, al wer wie it Jacob Klaas Haitsma dy’t rekke kopte. Delfstrahuizen krige it hieltyd lestiger en op in inkele grutte kâns nei, mei prima reddingen fan Jaap Toering, wie it SDS dat gefaarliker wie. In strafskop brocht de beslissing. SDS hie earder gjin strafskop krigen doe’t it der wol op like en no wist Feite de Haan op goeie wize wol te fallen neidat hij oantikke waard. Jelmer Posthumus (nr 14) skoarde de 2-1. It waard noch 11 tsjin 10 fanwege twa giele kaarten mar skoard waard der net mear.
Al mei al in hiele goeie sneon, want konkurrinten ferlearen en troch it eiegn goeie resultaat steane se der in stik better foar as begjin jannewaris. Kompliminten foar de ploech en begelieding

A1 wint van zwaluwen 4-2

Veelzeggend is de foto van de boys from A1: Er staat een team! Of de mannen van het eerste nu wel of geen spelers wegplukken, we doen het gewoon met de mannen die er zijn. Vandaag moest er revanche genomen worden op de uitnederlaag tegen de blauwe zwaluwen uit de hoofdstad. Dit is gelukt na een heerlijke wedstrijd. De vele toeschouwers zagen een op en neer golvende eerste helft met 2-2 als resultaat. Habtamu profiteerde twee keer van een fout van de wat ongelukkig optredende keeper. Habtamu is na een wat mindere periode weer helemaal back in town, klasse! Frank speelde weergaloos op het midden en leverde de fantastische vrije trap waar Happie uit scoorde. Lourens, Watze en Jorrit H. werkten zich een slag in de rondte aan de linkerkant en dan is het mooi dat ook daar de oorsprong lag van de goals. Maar de swealtsjes bleven vooral door het midden gevaarlijk. De tweede helft gaf een ander beeld. De boys haalden de overwinning terecht over de streep. Er werd door hard werken van de verdediging niets meer weggegeven, de voorhoede creëerde diverse mogelijkheden en het midden (Watze) zorgde voor de 3-2. Jorrit V., Piter P. en Wiebe V. vielen prima in. Habtamu zorgde nog voor de bevrijdende 4e. Missie 5×3 is gewijzigd in Missie 4×3!
Tjerk

Lions 6 – SDS 4    4-2
Doelpunten fan Ruun en Tjeerd de Vries

SDS Vr1 – QVC Vr1     1-2
De topper  yn dizze wedstriid gie ferlern foar SDS. Lang holden se stân mei in froutsje minder troch in reade kaart yn de earste helte, waard it koart foar tiid 1-2. Jeska skoarde foar SDS.

SDS C1 – LSC C3   1 – 0
Mei de geweldige westriid fan ferline wike noch yn gedachten, moast der ofrune sneon fuotballe wurde tsjin LSC ut Snits. LSC stiet net al te heech yn us kompetysje en sy wiene mar foar 1 ding nei Easterein kommen. Ferdiedigje en probeare om de 0 – 0 op it skoareboerd te halden. En dan bliikt dat dat wol hiel lestich fuotbaljen is. 90% balbesit en meastentiids 21 man op de helte fan LSC. Us halven en butenspylers halden it fjild net breed genoch wertroch it hiel drok wurde op it middenfjild en foar de goal fan LSC.  Kansen kamen der wol foar us fansels, mar it siet ek net mei. Hiel ferrassend stie it mei rest dan ek noch hieltiid 0 – 0. In lykspul hiene wy neat oan fansels, dus wurde de twadde helte alles op alles setten om die iene goal te meitsjen. Uteinlik kaam de goal dan dochs. Hy wurde makke troch Steven vd Pol, de beste man fan it fjild ofrune sneon. In drege wedstriid en net goed spylje, mar wol winne mei 1 – 0.  Troch sokke wedstriiden te winnen wurde je kampioen, sizze se altiid. Mar safier is it noch (lang) net. Mei noch 4 wedstriiden te gean bliuwt it oergriselik spannend.
Theo.

SJO Dronrijp/Foarút MD2 – SDS MD1
Na de nederlaag van vorige week tegen Berlikum, stond er dit weekend weer een uitwedstrijd op het programma voor de meiden van MD1. Zonder Jente Mare (die wel mee was als supporter), maar met Benthe gingen de meiden naar Dronrijp/Foarút. De meiden hadden er zin in en gingen voortvarend van start. Na een kwartiertje spelen pingelde Benthe zich richting het strafschopgebied van de tegenstander en gaf een mooie voorzet aan Renske en met een prachtig schot werd het een doelpunt voor SDS. Even later was het Silke die een prachtige voorzet aan Renske gaf: 2-0 voor SDS! Vlak voor rust deed Dronrijp/Foarút wat terug en werd het 1-2. Na de rust was het weer Renske die scoorde en later ook nog Benthe, zodat de eindstand 1-4 voor SDS werd. Een verdiende overwinning, want SDS doet waar het voor staat: Sterk Door Samenspel!
Renske is met 6 goals op dit moment topscoorder van MD1, maar Silke is kampioen “latje-trap”: al 4 keer een bal op de lat!

Groet, Aukje Schellens
(regelmiep MD1)

SDS E1 – Nylân E1 (5-1)

As âlder fan 3 fuotbaljende bern is it net altiid maklik de oandacht te ferdielen. Faak is it degene dy’t in thúswedstriid spylet, wer’t wy efkes hinne gean te sjen. En as it meisit kinne we soms twa efter elkoar sjen. Hjoed moast de ien nei Lemmer, de oare nei Emmeloord en de jongste thús. Dus… wer efkes de E1 fuotbaljen sjen. En dat wie in prachtig moaie pot fuotbal. Nylân kaam er de earste helte hielendal net oan te pas. De ien nei de oare moaie oanfal waard opsetten. Yn ferhâlding fiersten te weinig goals. Mei “mar” 2-0 de rêst ien. De twadde helte kaam Nylân iets mear op stoom, mar in goed keepjende Yke wist de goal aardig skjin te hâlden. Ek de efterhoede romme de boel aardich op. Mei namme Sjirk wie in wiere”plaaggeest” foar de spitsen fan Nylân. Doe hy in ien op ien kâns foar Nylân wist te foarkommen mei in perfekt útfierde sliding op de bal, fûn de skiedrjochter it in oertreding en penalty wurdich. It liket faak wol dat in net terechte penalty mist wurd. Dat moat dan sa wêze, want de bal bedarre net yn de touwen. Fia de peal spatte de bal fuort fan de goal. Terecht nei myn miening. SDS makke yn de twadde helte noch 3 doelpunten. De lêste waard nei in prachtpass fan Pieter keurig ôfmakke troch Tobias. Tobias is d’r nei de winterstop bykommen en is noch wat ûnwennig, mar dat komt seker goed. Hy kin gefaarlik wêze foar de goal! Bedankt coach. It stie hjoed as in hús!
(foto: de keeper fan Nylân kin in skot fan Tobias nog krekt fuort stompe)
Herman

Efkes Balje

Doe’t ik noch sa’n jonkje wie, de Terp ús skopfjild wie, spilen wij sebeare wedstriidsjes tsjinelkoar en dan neamden wij ús Ajax of Feyenoord. Dat makke it allegear wat echter.
Freedtejûn diene wij dat ek en it waard dúdlik wat it wurde soe troch de sjurtsjes fan dizze twa. Fan 1995 oant 1998 wie heit Fritz Korbach trainer fan de Graafschap en spilen se mei Hans Verkerk op it boarst. Dat stiet er no noch hiel goed op. Yn dy tiid hie Cambuur noch gjin sponser en dit Cambuur sjurt krige de besitter yn 1998 fol mei hantekeningen fan spilers fan doe. Hantekeningen binne fergonklik en oerlibje seker net in pear waskbeurten……
Dizze twa wiene juster net bijelkoar. At de wedstriid jûn mei deselde enersjy spile wurdt dan hingje net allinne de spilers jûn mei de tonge op it lear mar ek de taskôgers. It oranje fan de Graafschap, mei Ferry, Hendrikus, Chiel en Remco koene hiel lang in doelpuntsje foarbliuwe, kamen in doelpuntsje efter, kounterden nei trije doelpunten foar en hiene it earst 14 doelpunten. Toch noch in lytse herinnering oan JC.
Wat it langst hingjen bliuwt is de twadoelpuntenfinale. mocht dy as foarbyld tsjinje dan komt it wol goed mei Cambuur. Harrie, Theo, Wouter en Aant setten in moaie nul-twa  op it boerd.
En lit dat no de einstân ris wurde jûn bij de Graafschap-Cambuur…
Aant