Weppers snein 3-12

Sneon 2-12-2017
1 december 2017
Weppers moandei 4-12-2017
4 december 2017

Pupil fan de wike

Daniël Veenstra wie juster by SDS 1 – NOK 1 de pupil fan de wike. Hy wol letter net lykas syn heit keukens ferkeapje, mar proffuotballer wurde. Hy makke yndruk mei syn praatsjes en der wienen in pear SDS’ers dy ’t graach mei him op de foto woenen. Je witte it letter mar nea.

Pupil fan de wike (2)

De pupil fan de wike, Daniël Veenstra, hie sels ek in favoryt; Habtamu de Hoop.

SDS’ers der op út!

Trije wiken sieten Jelte-Pieter en Tjeerd Dijkstra yn Colomba foar it WK keatsen en it hichtepunt fan dizze trip kaam op de alderlêste dei. Sy troffen de beste fuotballer fan Colombia ea, Carlos Valderrama, op it fleanfjild fan Bogota doe hy weromkaam fan de WK-lotting yn Ruslân.

Lokwinske!

Juster floot hy noch in foutloze wedstryd tusken SDS Jo19-1 en de SJO DFC JO19-1 en hjoed is hy jierdei. Friso Albada, fan herte lokwinske!!

SDS-look-a-likes

Foar it Krystnûmer fan de Treffer binne wy noch op syk nei SDS-Look-a-likes. Witte jim der ien? Mail it nei info@vv-sds.nl.

Harsens derby (1956)

Twa moannen net fuotballe en dan by je earste balkontakt sa ’n bal jaan! Gareth Bale!