Weppers snein 29-5

Utslaggen SDS-SDS
28 mei 2011
Weppers moandei 30-5
29 mei 2011

Feessie
Douwe hat juster ek noch in aardige fotoreportaazje makke fan de SDS yn it kwartraat dei. Sjoch
hjir.

Moai feessie
SDS kaam juster wol wat te koart tsjin de mannen en froulju út Wekerom. Mar gelokkich koe it ferlies relativearre wurde: “Ach, it is hun feessie”.

Let feessie
It is let wurden justerjûn foar de Wekerommers.
Healwei de busrit kamen se der efter dat der ien net yn de bus siet.
In pear mannen mei de taksje fan heerenveen nei Easterein ta en sykje lâns de feart.
By Eddie de Boer fûnen se de man.
Ynmiddels wienen syn âlders ek al belle en ûnderweis nei Fryslân ta.
Sa he se ek noch sliept yn de kantine yn Easterein……
Gr
DDR

Meielkoar op de foto

Tafal of net, feit is wol dat wij in foto krigen fan de SDS-SDS dei wêrop ús SDS team stiet wat de ienige oerwinning binnensleepte. Wiebe Stoffelsma makke de foto fan E3,4,5

Planking?

Opmerklike bylden út de kantine justerjûn. Of it wie der sa fol dat dit it ienige plakje noch wie, of dit is immen dy’t him ferheven fielt boppe de rest, of hij wol de spinreagen opromje of sil hij in poging ta “planking” dwaan?

Slagge

Marco Hoekstra is slagge foar syn diploma oefenmaster 2. Ut namme fan it bestjoer krige hij in blomke en de lokwinsken.

2-4
Om trije oer begong justermiddei it haadprogramma. SDS 1 tsjin SDS 55 1. Hoewol SDS de better kânsen krige wie ne it de Wekerommers dy’t skoarden. Nei it skoft kaam SDS goed werom. Dirk Yde Sjaarda skoarde twa kear. Mar dêrnei wie it opiens dien. De Gelders e formaasje skoarde trije kear en sa kaam de 2-4 op it boerd.

Utfallen
Harm Jan Kamstra dy hat wat ôfkeept dit seizoen. Oeral opropber en ynsetber. Yllustratyf wie de sitewaasje juster. Earst bij SDS 2 yn it doel en dêrnei 80 minuten bij SDS 1. Doe foel hij blesseard út.

PSV
De spilers fan PSV sitte ek wol wat yn de mage mei de ôfrin fan it seizoen. Sij wolle eksuses oanbiede oan in Jappie, in Gert Jan, in Jan Simon, in Harm Auke en al dy oaren. Sjoch
hjir

Wa
Juster binne der wer twa wedstriden spile foar de neikompetysje twaddeklasse.
Kollum – Berlikum 2-2
it Fean 58 – Stiens 2-0
Kommende sneon binne de weromwedstriden.