Weppers snein 28-11

Weppers sneon 27-11
27 november 2010
Weppers moandei 29-11
28 november 2010

Ledengearkomst
Op 1 desimber is de jierkomst fan SDS. Dat begjint om 20.00 oere. Sjoch
hjir foar de aginda.

Gjin trainen
De famkes fan D4M hawwe moarn gjin trainen.
Sieta

Sealtraine
Foar sommige jeugdteams is der wer sealtraine. Sjoch
hjir foar alle oersichten

Winter
Juster wie it foar de standertalvetallen ynhelje en bekerje. Der gie ûndanks de winter dochs noch wol wat troch. Sommige SDS-ers gyngen nei Makkum om Hylke Schrale syn alvetal te sjen tsjin Arum. Makkum wûn nei strafskoppen doe’t it al tsjuster wie.
WPB moast syn thúswedstriid ferpleatse nei Joure want op it keunstfjild koe it dêr wol. WPB wûn. En Nijlân helle yn op ‘e Lemmer tsjin CVVO en wûn mei 0-1.

Ynhelje
18 desimber is der wer in ynhelprogramma. SDS 1 mei dan om 14.30 út tsjin Be Quick Dokkum fuotballje.

El Classico
Sjoerd van Beem wiisde ús op in filmke fan Real fans. Moarn is de klassiker yn Spanje en sij oefenen alfêst it klupliet………..fan Barcelona:


Harsens derby (342)
Hjoed sille de earsten de izers alwer ûnderbine om te reedriden. It iis hâldt miskien noch net op alle plakken, dus harsens derby………