Weppers snein 28-11-2021

SDS 1 – CVVO 1 bliuwt 0-0
27 november 2021
SDS-klean yn de útferkeap!
28 november 2021

Nije trainer

Kommende wike sille hjir wy de nije trainer fan SDS 1 foar folgend seizoen presintere.

Traine?

Der mei de kommende wiken net mear nei 17.00 oere fuotbald wurde. Hoe ’t wy dit by SDS ynfulle sille witte wy noch net. By vv Sneek Wit-Zwart binne se der al oer út. Sjoch hjir.

Traine?

Wat Jacob-Klaas Haitsma betreft makket it neat út as der net traind wurdt……. Traine is ommers foar ’talentlozen.’ 😉
Sneon wie Jacob-Klaas haad skoareboerdbijhâlder.
Hij wie ferklomme nei 90 minuten. Hij hie dan ek hielendal neat hoegen te dwaan bij de 0-0 fan SDS 1.

Gjin sealfuotbal……

No ’t der nei 17.00 oere net sporten wurde mei yn teamferbân binne wy der yn elts gefal wis fan dat de sealkompetysje stilleit. De sealfuotballers fan SDS 1 hawwe dus winterskoft. En dat krekt no ’t sy yn in flinke flow sitte.

De parse


Foto’s, in livestream, de parse wie goed fertsjinwurdige lâns de line bij SDS 1.
De skriuwende parse siet binnen efter it rút

Fuotbalje?

Moandei sil de KNVB bekend meitsje wat der barre sil mei it kompetysjefuotbal de kommende wiken. Wat SDS oanbelanget kin der noch moai twa kear balle wurde foar de winterstop. Der is ommers oars ek net folle te dwaan en sporte yn de bûtenloft is tige sûn. Mocht de KNVB de kompetysjes foarearst ôfblaze dan kinne wy sjen om miskien op sneon te trainen of in toernoai of sa te spyljen. Wy wachtsje it ôf.

SDS-League

De nijste stân fan de SDS-League ferwachtsje wy kommende woansdei.

Harsens derby (2329)

Dit is fansels in dúdlike reade kaart foar de skiedsrjochter……….