Weppers snein 27-9

Ut-en ferslaggen 26-9
25 september 2015
SDS League: FC DWOpke pakt wykpriis!
27 september 2015

Foto’s SDS 1 – Workum 1
Nettsjinsteande it ferlies fan SDS 1 tsjin Workum juster hat Henk Bootsma alderaardichste foto’s makke. Jim kinne se hjir besjen.

Teun Heeres yn aksje!
foto Henk Bootsma

Pupillen fan de wike

Ruben Orsel mei oanfierder Hendrik de Jong

Jesper Paauw mei omke Dirk Yde Sjaarda

Minipupil

Doelman Jaap Toering waard nei ôfrin opwachte troch syn eigen “pupil”. Dan tink je efkes net oan de nederlaach…..

Resultaten
De resultaten foelen juster net ta. Mear nederlagen as oerwinningen. Opfallend (of net) is wol dat de trije froulju teams wûnen, VR1 + MC1 + MD 1 = 9 punten

A1

Dit is Jorrit Hofstra fan A1 yn in moai duel mei in scBolsward spiler. Mear foto’s, makke troch Johan Heerma kinne jim sjen op de de facebookside fan SDS A1.

Skiedsrjochter
Fan 2-10 oktober is de wike fan de skiedsrjochter. Wij fine dat it alle wiken de wike fan de skiedsrjochter is. Dat fynt trainer Peter Bosz net en dêr hat Sjoerd Mossou efkes in pittige kollum oerskreaun dy’t wij wol lije meie.

SDS League
Eltsenien sit fansels te wachtsjen op de earste stân fan de SDS League. Rekkenje der mar op dat der hjoed noch op de webside komt te stean. Earst alles noch efkes útrekkenje.