Weppers snein 27-4

Utslaggen 26 april
25 april 2008
Weppers moandei 28-4
27 april 2008

SDS 1 nei Delfzijl
SDS 1 sil foar de neikompetysje de fertroude profinsjegrinzen oer moatte. Eems Boys is de tsjinstanner. Kommende sneon mei SDS besykje in goeie basis te lizzen foar de thúswedstryd op de tiisdei dêrnei. Bij Eems Boys stiet
op de side: “Eems Boys op weg naar de eerste klasse” Wij sille sjen.

Mei de bus

Justerjûn is oppere om mei de bus nei Delfsyl te gean oankommende sneon. Om dit mooglik te meitsjen moatte der minimaal 20 supporters mei. Minsken dy’t belangstelling hawwe moatte yn ferbân mei de feestdagen snel reagearre. Dit kin oan’t  tiisdei 29 april, 16.00 oere en net in tel letter fia dit adres
o.anema@orange.nl of op tillefoannummer 06-20786194

De Aktiviteitenkommisje.

Van der Eems Boys?
Om de spilers fan SDS wat skerp te krijen foar de wedstryd tsjin Eems Boys hat Marcel Frankena wat fûn. Hy hat it fanôf hjoed oer de Eastereiner derby “Van der Eems Boys” – SDS. De spilers kinne harren dus net mear “drukke” foar dizze wichtige wedstryd. Mocht der wûn wurde dan geane de spilers fansels as in “toeter” nei hûs.

Neikompetysje
SDS 2 hat juster de periode wûn. It seizoen krijt dus noch in sturtsje. Sneon 3 maaie spylje sy thús tsjin Minnertgea 2. Op tiisdei 6 maaie moatte sy út.

Dave Dee, Dozy, Beaky, Mick & Tich
Dy diene ús wat tinken oan de wedstryd sponser fan ôfrûne sneon: Akke Eke, Dukke en Annie. Want it die ek noch bliken dat Willy, Gatske en Tiny der ek bij hearden.
Dêrom foar dy trije froulju dy’t net op it affiche stiene, wat jeugdsintiment.

Ofsizze
Freed pleatsen wij in berjocht dat de wedstrydsikretaris wat baalde fan allegear útstelde wedstriden. André hie de lieders hjir oer ynformeard. De direkte oanlieding wie de útstelde wedstryd fan D1, dy’t net troch gean koe. De lieders fan D1 wolle graach harren ferhaal kwyt troch oan te jaan dat sij net om útstel frege hiene mar de tsjinstanner.
Ik wil graag even op het bericht reageren, want dit is nav een afgezegde wedstrijd van D1 geweest.
Wat wil het geval, op dinsdag (22 april) kregen wij als leiders bericht dat de thuiswedstrijd van zaterdag 3 mei is afgezegd door onze tegenstander St. Jacobiparochie D1. Later blijkt dat zij door vakantie “slechts” kunnen beschikken over 11 voetballers!!!!!!!! Oké wij hebben dinsdagavond trainen, dus tegen alle jongens gezegd dat de training van donderdag (24 april) is veranderd en dat we dan de thuiswedstrijd tegen St. Jabik moeten afwerken. Woensdag is in Oosterend het schoolvoetbaltoernooi, ‘sAvonds krijgen Klaas en ik de eerste afzeggingen, door blessures en ook kaatstrainingen. Blijkt dat wij kunnen beschikken over slechts 8!!!! spelers. Dus van onze kant direct dezelfde avond de wedstrijd afgeblazen.
Nu wordt ons verweten dat de wedstrijd misschien te makkelijk is afgeblazen, terwijl wij wel op zeer korte termijn deze wedstrijd moesten regelen.
Ik kreeg ook een mailtje hierover (met mij ook een aantal andere sds-ers), wat op mij overkwam dat wij nu de boosdoeners zijn. Daarom van onze kant even deze uitleg.
met vriendelijke groet,
Klaas en Johan
leiders D1

Sipke
Sipke Hiemstra (SDS 5) hat it der mar drok mei. Om as skiedsrjochter te fungearen bij in keatspartij wêr’t ek it keninkluk hús lâns komt, komt er mear bij sjen as der efkes hinne ride mei de auto. Sneontemoarn moast alles trochnommen wurde (briefing) , moandei of tiisdei generale repetysje en 30 april op de fyts der hinne oars kin er de stêd net iens yn. Je moatte der wat foar oer hawwe.

Traine
Wij binne bliid dat wij melde kinne dat Eddy de Boer (SDS 5) de training wer op pakt hat nei syn swypslach. Freedtejûn gie de oandacht fan leden fan KF Easterein net út nei wat Tjeerd Dijkstra allegear te fertellen hie yn de kantine , mar nei de famylje de Boer. Dochter Selma fungearre as haske op learzens en Eddy koe it twa rûntsje bijhâlde. It begjin is der wer sille wij mar sizze.

Botsing
Yn de earste helte botsten de bruorren Henk en Mark efkes bijelkoar op. “Ik hoop dat se thús mear mei elkoar prate”, sei Ap Scheepvaart tsjin heit Chris Postma.

Snel
SDS 2 stie juster al nei 20 sekonden mei 1-0 foar. Dat wylst Be Quick Dokkum ek noch wol de ôftraap hie. Sis mar in bytsje dit idee: