Weppers snein 27-3

Utslaggen 26-3
24 maart 2011
Weppers moandei 28-3
28 maart 2011

Wol/net troch
It is wat mei SDS 4,5 en 6. Spanning fanôf tongersdei. Soe it wol trochgean? Dat der te min spilers wiene wie dúdlik mar wa goaie je der út, sûnder it risiko te rinnen dat der letter in oare tsjinstanner ôfbellet. En sa waard SDS 5 der úthelle nei oerlis mei Urk 10, omdat der noch wat boaten op see wiene en dus ek te min spilers. Teloarstellend is it dan dat SDS 4 sneons ek noch ôflast wurdt omdat Sleat 3 ek te min spilers hie. En sa stiene der dus wer leafhawwers oan de kant.

Jaske
De kombinaasje SDS 4,5 en 6 moast justermiddei fuotbalje yn Easterein. Sipke Hiemstra die ek mei mar koe nei ôfrin syn goeie jaske net mear fine. Yn syn tas sit no in XL jaske mar dat moat wêze XXL, sa lit hij ús witte. Dus at ien fan de spilers fan de krektneamde kombinaasje in te grut jaske hat, graach efkes ruilje mei Sipke.

Moaie nammen
Nei oanlieding fan it ferhaal yn it AD oer de bysûndere nammen fan fuotballers dy’t altyd hingje bliuwe Sipke syn kar: Kees Kist, Wim Suurbier en de moaiste fan allegear Bram Geilman, de eardere doelman fan Roda yn de jierren 73 oant 79.

Boek en blues
Hjoed yn Noflik Bergsma om 15.00 oere de boekpresintaasje fan Freddy Scheltema syn earste boek en letter op de middei is der wer blues mei
The Blues Kings. 

Strân op it lân

De reaksjes fan de fuotballers fan SDS en de gasten om te fuotbaljen op in strânlân wiene net entoesjast. It wie efkes wennen, at in bal net rolje wol en hjir en dêr in stevige râne as horde nommen wurde moast.
Mar de freonen fan Sibe wiene optein. Nei it lêste fluitsinjaal kamen se mei hûnderten tagelyk en omdat de 4 roeken dy’t in nêst makke hawwe efter it doel harren bedrige fielden, twitterden dy harren freonen op en wie it ien en al swart-wyt fûgelguod.

Oanspield?
En al dy fûgels spatten ynienen allegear op en sochten in feilich plak. Efkes grute it troch de kantine dat der in seehûn oanspield wie op it strânlân, mar dat berjocht koe al gau tsjinsprutsen wurde. Nee, it wie gewoan Eddy de Boer dy’t it fjild oerstuts om yn de kantine efkes in bierke te heljen.’