Weppers snein 26-9

Ut- en ferslaggen 25-9
23 september 2010
Weppers moandei 27-9
26 september 2010

In wet (1)

Der is in ûnbeskreaune wet dy’t oanjout dan in strafskop nea nommen wurde moat troch dyjene dy’t ûnderút helle wurdt. Yn de wedstriid CVO 2 en SDS 6 waard Pytrik Hiemstra ûnderút helle en hij woe oantoane dat dy wet mar larykoek wie. Mei as gefolch dat hij no op dizze foto stiet en in plakje ynnimt yn it Clarence Sluierklassemint. Hij miste!

In wet (2)
Dyselde wet waard yn Aldehaske tidens de wedstriid Oudehaske 5 – SDS 5 net op de proef steld. Wichard Deinum waard ûnderúthelle en dêr gie it sa fier dat der sein waard dat de fjildspiler dy’t fierste fan “it plak fan insident” ôfstie, de strafskop it beste nimme kin. En sa kaam good-old Tjeerd Dijkstra hielendal fan efteren om de bal moai yn te sjitten. Fan dêr dat hij net op de foto stiet.

Lokwinske
Justermiddei wie de kantine aardich famylje GenG-Hiemstra frij. Want Gatske waard 60 en fierde dat op de tredde helte tiid. Gatske lokwinke!

Foto’s
Der binne juster gelokkich wer in oantal alvetalfoto’s makke. Mar at it yn dit tempo trochgiet wurdt it wol maart foar’t it hielendal klear is.  Spitich.

Pupillen fan ‘e wike

Jerryt Koopal mei Tsjipke Klaas Okkema (foto Henk Bootsma)


Jildert van der Meer en Ewout de Boer (foto Henk Bootsma)

Utslaggen
Der binne noch in mear útslaggen dy’t misse en der binne noch in pear mei in fraachteken. Wa’t it wit kin ús maile.