Weppers snein 25-5

In moaie dei mei SDS 2
25 mei 2008
Foutsje yn SDS EK League!
26 mei 2008

Spylskema 2008-2009
De wedstryd fan SDS 2 wie de lêste fan it seizoen. Efter de skermen is men al wer dwaande mei de kompetysje foar 2008-2009. Alvetallen wurde yndield en fjilden wurde tawezen. It wurdt ek wer drokker  op de fjilden omdat der in frouljus team bijkomt. Yn de foarloapige yndieling fan 2008-2009 falt ús op dat SDS 2 wer foar SDS 1 fuotballet om 12.00 oere. It hie neffens ús ek moai west dat ek SDS 2, no as 1ste klasser, om 14.30 oere fuotballet.

Potferdoarje
Klaas Pompstra hat mei ús te dwaan om alle stikjes bij elkoar te krijen foar de kommende Treffer.

Potverdorie!
Is dat no de glorie?
Ferskuorrend wat de Treffer en Web allegear docht,
Wannear meitsje de oare 15 ris in kear nocht?

Efkes wat rigels op papier,
Dat bringt alle SDS-ers fertier
Kom it swart-wite hert temjitte
En lit alles oer jimme team en seizoen witte.

SDS 2 bepaalde dit keer de week
Want hja hienen grut sukses yn Leek.
De tsjinpartij sil wol bale
Want wy ha de unike Hylke Schrale

Mar wolle jimme (15) ek yn de Treffer fan it jier
Dan moatte jimme no yn it spier.

Potverdorie.
Meitsje alle SDS-ers diel fan jimme “glorie“!

Grize do
Bij Omlandia seagen se sneon harren eagen út. Wat moast dy grize man yn it fjild bij SDS 2. Dy docht dat net mei?
Wat langer de wedstryd duorre wat mear respekt se krigen foar de 48 jierrige Wouter Hylkema. Hij fuotballe wer as fan âlds. En Wouter koe it nei ôfrin hast net begripe. Tegearre mei syn soan Jildert mei SDS 2 promofeare. Geweldich.

Noch mear âldsjes
De Omlandia spilers waanden sich sneon hast op in feteranen tournooi. Neist de boppeneamde Wouter mei 48 jier, soargen ek Remco Bervoets (43) , Wichard Deinum (40) en Floris Hiemstra (36) der foar de gemiddelde leeftyd aardich heech wie.

Bline poule
Gatske Hiemstra fersoarge de bline poule yn de bus. Dennis Dijkstra gie mei de priis (beskikber steld troch Jimbar en Jimskilders) nei hûs.

Ekskuses
Wy ferwachtsje fan ‘e wike ek noch in stikje op de webside fan Redmer en Stefan nei harren miste penaltys fan foarige wike……(klik hjir).

SDS EK-League
Doch ek mei oan de SDS EK-League. Klik hjir foar mear ynformaasje. De earste dielnimmers hawwe harren al opjûn.