Foutsje yn SDS EK League!

Weppers snein 25-5
25 mei 2008
Weppers moandei 26-5
26 mei 2008

Bote Strikwerda wees ús juster op in foutsje yn de SDS League. It giet om de heale finales. Dy wedstriden geane net tusken de “winner fan I tsjin de winner fan III”, mar de winner fan I moat tsjin de winner fan II. De winner fan III moat tsjin de winner fan IV. Snappe jim it noch?

De lêste 3 wedstriden komme der no sa út te sjen:

25-jun-08 Laatste 2 (winnaar van (I) tegen (II)
26-jun-08 Laatste 2 (winnaar van (III) tegen (IV)
29-jun-08 Winnaar

Jim meie it formulier wat jim thús hawwe oanpasse, mar kinne ek in nije útprinte:
SDSEKLeague2008

De Leagues moatte binnen wêze foar de earste wedstryd op sneon 7 juny.

De UEFA hat op dit EK foar it earst foar dit spylskema keazen. It betekent b.f. foar Nederlân dat sy Italië yn de heale finales alwer tsjinkomme kinne wylst sy yn de poule ek al tsjinelkoar fuotballe hawwe. By de foarige edysjes koenen je ín tsjinstanner út de poule nea earder wer treffe as yn de finale.