Weppers snein 25-10

Ut-en ferslaggen 24-10
24 oktober 2015
Weppers moandei 26-10
25 oktober 2015

Sterkte
Fannemoarn krigen wy it droeve berjocht dat âld-SDS’er Bert Dijkstra juster stoarn is. Bert is 39 jier wurden. Wy winskje de neibesteanden in hiel soad sterkte ta.


De Treffer
De nije Treffer is út en de measten kinne him dit wykein yn de bus ferwachtsje. Mochten je lid fan SDS wêze en dochs net in Treffer krije lit it ús dan efkes witte fia DeTreffer@vv-sds.nl.

De Turksma’s!
Nei û.o. de Okkema’s, de Hiemstra’s, de Wijnia’s, de Sybesma’s, de Haitsma’s en de Heeressen hawwe wy sûn’t juster wêr in nij famylje-koppel yn SDS 1. Sawol Elger as Allert Turksma fuotbalden juster mei SDS 1 tsjin Hardegarijp 1.

Lokwinske!
Mark Postma is hjoed jierdei! Fan herte lokwinske!

Harsens derby (1614)
Foar de goal gjin punten, mar foar de koprol dochs seker in 9!