Weppers moandei 26-10

Weppers snein 25-10
25 oktober 2015
Weppers tiisdei 27-10
26 oktober 2015

Ledengearkomst
Kommende woansdei is de ledengearkomst. It begjint om 20.00 oere. Jim kinne hjir de agenda noch in kear besjen.

SDS B1 en B2
Hans van der Schaar traint moandeitejûns B1 en B2. Hy wurdt dizze kear assisteard troch Jaap Toering fan SDS 1. It doel is dat der eltse wike in spiler fan SDS 1 helpe sil om B1 en B2 te trainen. Erik Haitsma, Hendrik de Jong, Tsjipke Okkema en Teun Heeres hawwe al oan beurt west.

Clarence Sluierklassemint

Wij hiene noch in foto lizzen fan in wykein earder. Nommen op Skylge. At je in strafskop misse is dit je diel.

Opstelling

De trainer makket de opstelling foar SDS 2, mar de oanfierder set ek wat op papier.
Dat dat erg dreech is, sjogge jim wol, hij moat assisteerd wurde troch syn dochter.

Kratsje

Sporthal De Greidhoeke hat SDS fersjoen fan kratsjes bidons. Tige tank dêr foar!

Broers (2)
Neist de Okkema’s, de Hiemstra’s, de Wijnia’s, de Sybesma’s, de Haitsma’s, de Heeressen en no de Turksma’s binne der fansels noch folle mear broers dy ’t yn SDS 1 fuotballe hawwe (sjoch “Weppers snein 25-10). Sa komt Jan de Jong mei de Ypma’s, de De Jongen, de Postma’s, de Broersma’s en de Posthumussen. Witte jim noch mear? Mail se ús!

Nei Gelf
Sûnt 1998 bringt de wepmaster mei bril de Treffer yn Spannum. Hy bringt se dan by Gelf Eringa. Noch altiten tige de muoite wurdich (klik hjir).

Harsens derby (1615)
It sil je mar gebeure. Binne je te sjen by je favorite klup en dan falle je yn de rêst op it húske yn sliep…….(sjoch hjir).