Weppers snein 25-1

SDS VR.1
24 januari 2015
Weppers moandei 26-1
25 januari 2015

Mali wint SDS-sealtoernooi
Juster waard it jierlijkse SDS-sealtoernoai ferspile yn de sporthal yn Easterein. De ploegen striden dit kear as teams dy ’t meidogge oan de Africa-Cup. Dit om ’t dy op dit momint dwaande is. Dit hie fierder neat te krijen mei de temperatuer yn de sporthal. 
Mei in útblinkende skiedsrjochter Enne-Jehannes Bruinsma en in ferassende gastspylster Judith waard úteinlik Mali winner. Sy fersloegen yn de finale it Congo fan Ewout de Boer, Jan Mulder (keept wierskynlik moarn foar Ajax yn de Arena tsjin Feyenoord), Sjoerd de Vries, Evert-Ane Abma en Lourens van der Pol. Lykas Congo lieten de mannen fan Mali; Wytze Lanting, Wytze Fopma, Frans Stap, Jurjen Los, Jelmer de Boer en de jongste wepmaster harren de earste prizen (op âld-Afrikaanske wize drûge woarsten fan Murk) goed smeitsje lykas it “spjilwetter”.

Moaiste goal
De moaiste goal fan it heech oanskreaun SDS-sealtoernoai kaam juster op namme fan Ewout de Boer. Hy skeat in werom fallende bal fanôf de middenline op syn Afrikaans-hurdst stiif yn de krúzing en it wie mar goed dat der lju in bytsje bukten.

Brân
It is fansels net leuk at je eigen kluphonk (wij soene sizze kantine) yn de brân fljocht. It is fansels net leuk at je supporter fan dy klup binne. It is ek net leuk at soks mooglik troch brânstichting ûntstien is. It is ek net leuk at dan gelyk supporters fan in oare klup beskuldige wurde.


Wol leuk binne de fotograpkes…..

Selfie

Sneontemoarn ……snie…dêr hiene in hiel soad bern nei útsjoen. En Remco Bervoets. It wie hurd wurkjen om it foarelkoar te krijen foardat de snie wer yn wetter feroare. Mar it resultaat mei der wêze. …in selfie.

Blues
Ek dit wykein tilt it yn Easterein sneintemiddei wer op fan de blueslûden. Fanôf 16.00 oere kinne jim
dit yn Noflik heare.

Harsens derby (1419)
Angel Di Maria is net foar neat Argentijns fuotballer fan it jier wurden. Der binne fêst net folle dy ’t de bal samar per ûngelok it stadion fan Cambridge United útsketten hawwe: