Weppers snein 24-4

Ut- en ferslagen sneon 23-4
21 april 2016
SDS VR.1 kampioen!
24 april 2016

Pupillen

Redmer Stegenga en Niels van Lelyveld wûne juster mei Jelmer en Teun op de foto nei de wedstriid fanb SDS 1

Kontrakt

Mei it setten fan de needsakelike hantekeningen is it no definityf dat op de Skoalleseize in fuotbalfjild oanlein wurdt mei keunstgers. It begjint allegear al yn maaie en yn augustus kin it seker brûkt wurde.

14 maaie
Op sneon 14 maaie spilet SDS 1 syn lêste thúswedstryd en komt nei de tiid Jan Nota yn de kantine spyljen. Tagelyk is it ek de lêste wedstryd op it haadfjild, want dêrnei giet de skeppe der yn. Ynmiddels streame de ideeën binnen om der in aldermachtichst grut feest fan te meitsjen. Hâld dy dei mar fêst frij! Oan ’t jûns let!

Kampioen?
De froulje fan SDS Vr.1 krigen juster goed nijs. De grutte konkurrint foar de titel QVC Vr.1 gie juster ûnderút en dat betsjut dat de froulju ien wedstryd foar de ein al kampioen wurde kinne. Dat soe kommende sneon wêze, mar dan kin tsjinstanner Wergea net. Úteinlik waard der in nije datum fûn en dat is……… moarntejûn. Dus moarntejûn allegear nei sportpark de Skoalleseize foar de wedstryd SDS Vr.1 – Warga Vr.1. De wedstryd begjint om 19.00 oere.

Kampioen? (2)
De mannen fan SDS 3 moatte noch ien wedstryd en stean ynmiddels 6 punten foar op sc Bolsward 3 dy ’t ek noch mar ien hoecht. Balk 3 is de ienige dy ’t SDS 3 noch byhelje kin. Sy hawwe 7 punten minder en moatte noch 3 kear. It kin dus wêze dat SDS 3 kampioen wurdt yn de kommende wiken sûnder te spyljen, want de lêste wedstryd is op 14 maaie út tsjin…….. Balk 3.

It bliuwt spannend
Yn de tredde klasse A is it ûnderyn en boppeyn tige spannend. SDS stiet no op it feilige 10 de plakje mei noch trije wedstriden te gean. Sneon thús tsjin QVC, dan út nei Koudum en ta beslút thús tsjin Oudehaske.
Sjoch
hjir foar de (perode)standen.

Lestich
In lestige dei foar de bluesleafhawwers en de Feyenoord fans. It is wer de lêste snein fan de moanne dus Blues yn Easterein, mar dizze kear ek in bekerfinale. Sa lang wachtsje moatte op in fuotbalsukseske en dan dit……..Wij witte al ien dy’t foar it fuotbal kiest.

Ien fan …….
Ek juster wie Gelf Eringa (al moai op leeftyd) fan Spannum wer yn Easterein oanwêzich om efkes te sjen bij SDS 1. Ien helt sa lit hij ús witte want om 15.30 moat ik bij KuorkebaljeSpannum 1 sjen.
Gelf traktearde ús wer op moaie ferhalen oer de tiid dat hij yn SDS 1 spile. Hierskerp wist hij bepaalde sitewaasjes yn de jierren 60 noch te herinnerjen.
“Dat wiene tiden”, sei Gelf,” no is it wol sa dat hjir bûten it stek immen mei krekt oanseach en frege “binne jo Gelf?”
Gelf koe it net ûntkenne wêrop de man sei: dan binne jo ien fan Hendrik!

Draaiend Rad
It Draaiend Rad is sûnt 2 wiken werom útwreide mei in 4e ronde. De bontsjes rane de lotsjeferkeapers op it heden út de bûse en hiele ploegen geane foar de 3 pûden mei drûge woarsten yn de 4e ronde. Dit kear waard it in striid tusken SDS 3 en 1 om de measte drûge woarst. De earste 2 prizen yn dizze ronde gienen nei SDS 3, mar de haadpriis wie úteinlik foar SDS 1; drûge woarst. Mei tank oan Murk’s Slagerij en Jan Stenekes.

De SDS-League
Dit wykein gjin kompetysjefuotbal, mar ôfrûne wike wol in trochdewyks programma. Dat betsjut dat der alwer in nije stân fan de SDS-League is. Tongersdei meitsje wy him wer bekend yn de kantine!

Harsens derby (1709)
En dan tinke dat der yn Nederlân en Ingelân makkelijk penaltys jûn wurde……..