Ut- en ferslagen sneon 23-4

Weppers freed 22-4
21 april 2016
Weppers snein 24-4
24 april 2016

Mochten jim fuotballe hawwe, mail dan de útslach, in koart ferslach, foto’s, doelpuntenmakkers, bysûnderheden, eigenaardichheden, apartichheden, nuverheden en wat ik mar nei  dizze adressen en skilje de útslach efkes troch nei de kantine: 0515-331700.
Twitterje @ff_sds mei fansels ek!
Graach sels!

09:00 SDS D2 Scharnegoutum’70 D3G  6-1
09:00 SDS E1 Arum E1  7-1
09:00 SDS E3 SC Bolsward E5  
10:10 Mini league    
10:10 SDS F4 Makkum F2  g.n.t.
10:45 SDS C1 Franeker SC C2  2-0
11:30 SDS C2 fc Harlingen C2  3-2
14:30 SDS 1 Joure SC 1  0-0
14:30 SDS 3 Balk 4  2-0
09:00 Heeg F2 SDS F3  3-5
09:00 Lemmer F1 SDS F1  4-2
10:15 SC Bolsward E9 SDS E4  0-3
10:30  RVC/Langweer B1 SDS B1  2-3
10:30 SWZ Boso Sneek E5 SDS E2  5-3
11:15 Oudega/HJSC/Heeg C3 SDS C3  3-2
12:15 Balk MC1 SDS MC1  5-1
12:40 Terschelling D1G SDS D1  5-1
14:30 S.C. Stiens 6 SDS 4  6-1

SDS 1 – sc Joure 1   0-0
Tsjin de koprinner waard in fertsjintlike punt helle, wie de konkluuzje nei ôfrin. Mar wat wie SDS yn de alderlêste sekonde ticht bij de 1-0. De frije kopkâns fan Erik Haitsma gie lykwols krekt neist.
Kwa kânsen hie SDS seker yn de twadde helte in pear hiel aardige mooglikheden om te skoaren. sc Joure wie foaral yn de twadde helte mear oan de bal, krige ek tal fan hoekskoppen mar doelman Jaap en de ferdigeners wisten de bal altyd krekt op tiid op te romjen.
Sa wie en bleau it tige spannend want SDS sette tsjin it lichte oerwicht fan sc Joure in oantal goeie kounters en in oantal gefaarlike frije trapen.
Mar krekt as yn de oare wedstriid fan dizze beide ploegen bleau it 0-0. De skiedsrjochter fluite in prima wedstriid.
sc Joure bliuwt meidwaan om it kampioenskip en SDS stiet noch altiten op in feilich plakje.


SDS 3 – Balk 4 2-0
SDS 3 die wer goeie saken yn de race om de titel. Der waard mei 2-0 fan Balk 4 wûn en grutste konkurrint Balk 3 ferlear. De doelpunten wienen lykas ferline wike fan Ronny en Robert.

SDS C1 – Frjentsjer C2  2 – 0
Wat soe it in moai wykein wurde kinne at we hjoed wer 3 punten pakke koene. Mar de tsjinstander wie Frentsjer, in ploeg die nei de winterstop hast al syn wedstriiden wun hie. Fan underskatting koe dus seker gjin sprake weze. Der wie ofrune wike wer hiel goed traint en de opkomst wie ek alwer 100%. Foar us as trainers/lieders wurd it dan ek hieltiid dreger om de basis alve te betinken. Mar hoe dreger dit foar us is, des te better is dit foar de kreft fan it team. Fuort fanof de oftraap wurde Frentsjer under druk setten en der waarden in pear moaie oanfallen opsetten. In minut 4 wie it al rekke, Douwe Jan skeat de bal tsjin de touwen. Mar dit wie logisch, DJ hie nammelik fan te foaren al foarspelt dat hy hjoed skoare soe. We bliuwe better en krije ek kansen om de foarsprong ut te breidsjen. Dit bard net en Frentsjer komt der in oantal kearen fia de kounter gefaarlik ut. Uteinlik geane we mei in 1 – 0 foarsprong de rest yn. De twadde helte ha we wer in fjildoerwicht, mar it is betiiden wat rommelig en ha folle mear tiid om te fuotbaljen at we tinke. Kansen krije we altiid en Kent wie miskien wol it tichtst by de 2 – 0, mar de bal rekke de butenkant fan de peal. It bliuwde dus spannend, tot oan de 63e minut. Sjoerd krijt de bal oanspyle krekt buten de 16 meter. Mei in fantastiche aksje passert hy de ferdiediging fan Frentsjer en sjit hiel behearst de bal langs de keeper. Krekt foar tiid wurd in snoeihurd skot fan Frentsjer noch troch Mark oer de goal tikt, sadat we alwer efterien de 0 halden ha. No noch us ienigste konkurrint Leovardia wist krekt mei 5 – 4 te winnen.  Mei noch 2 wedtriiden gean bliuwt it dus oergriselijk spannend. Mar we ha alles noch yn eigen hannen. 2 wedstriIden noch, 7 mei thus tsjin Terschelling en 14 mei ut nei Heech/Hommers/Oudegea.
Theo.

SDS E1 – Arum E1
Hjoed in wedstriid tusken de nûmer 1 en 2, werfan SDS nûmer 2. Arum hie oan no ta alles noch wûn in hiel knappe prestaasje út de 3e klasse wei 20 wedstriiden net ferslein. Út wie it in wedstriid mei 2 gesichten, 4-1 yn de earste helte foar Arum en 2-4 yn twadde helte foar SDS, ein útslach 6-5 foar Arum.
Dus in dreeche pot hjoed. SDS moast dizze wedstriid winne om útsicht te hâlden op it kampioenskip en sette fol fjoer útein. It rûn as in klokje, moai spul, goed oerspielje en oanslúte fan de ferdedigers nei de middenfjilders, Arum waard fan de matte spile! 3-0 mei rêst. Dit hiene we net tocht, mar der wie noch in helte en SDS wie warskoge, as wij trije meitsje kinne yn 1 helte dan kin Arum dat ek. Dochs begûnen we slap yn de twadde helte en Arum wie no ek wat feller. Mar it wie SDS dy’t der rap út kaam en de 4-0 op it boerd sette. Dan toch in goal foar Arum 4-1. Dernei wie de skerpte fan SDS der wer en rûnen we út nei 7-1.  Allegeare in hiele beste pot fuotballe, dik fertsjinne wûn! We dogge wer mei om it kampioenskip, noch 3 kampioenswedstriiden!
FR.

Efkes Balje
Wat in geweldiche yndieling hiene we juster. De mannen fan Willem (oranje) seachen efkes tsjinin efterstan oan. Doe kamen ja werom nei 3-3 en dernei lieten Johan, Ferry, Theo en Chiel de bear los. 7-3. De oranje euforie doarre net lang, troch slim spul rûnen de maximannen der maklik wer oerhinne. Wouter, Harry, Remco en jo korrespondint wûnen dan ek mei 12-8 en wiene bliid dat de klok sloech. It likket soms krekt as set koster Andre júst op freed tusken acht en healwei njoggenen de tsjerkeklok wat langsamer. Dernei noch de golden goal pot: Willem adepten wûnen, foar it earst yn de efkes balje historie mei 1-0. We  holden op troch in ferfelende blessure fan Theo. We hope dat hy foar de simmerspelen ( efkes balje yn Wommels) wer mei dwaan kin..
Tjerk