Weppers snein 24-12-2017

Weppers freed 22-12-2017
22 december 2017
SDS-FIFA-18-toernoai op 3 jannewaris
27 december 2017

SDS op skema yn Frjentsjer

SDS hat it juster net gek dien op it Krystsealtoernoai yn Frjentsjer. Gertjan, Matthijs, Feite, Tsjipke, Skelte en Willem spilen lyk tsjin Better-Fit en wûnen fan Freedom Energy, Autobedrijf Haitsma en Bloemketerp Allstars. Bote Strikwerda die it mei Futsal Scharringa ek net gek en stiet sels boppe-oan yn de poule. De âld-SDS’ers Martin Rienstra, Sicco Scheltema, Wytze Lanting, Jacob van Wieren, Thor Ruiter, Freek Tichelman en Kristiaan Gaastra hienen wat in falske start mei Boubedriuw Kooistra. Sy ferlearen al harren 4 wedstriden.
Twadde Krystdei giet it toernoai fierder mei de foarrondes. It skema foar SDS sjocht der dan sa út:
10.15 oere SDS – Buurman en Buurman
11.15 oere SDS – Bosma Timmerwerk
12.30 oere SDS – Douwe’s Fruithal
13.15 oere SDS – Futsal Scharringa
Hjirnei begjinne de finales.
2e-Krystdei sil SDS los mei Jaap, Jacob-Klaas, Erik, Feite, Tsjipke, Johannes en Willem.
De tuskenstannen kinne jim hjir fine.

SDS JO19-1 wint…. en ferliest

SDS JO19-1 hie juster de lêste útwedstriid fan dit jier. Fan tsjinstanner OHH JO19-1 waard wûn mei 1-2 en dat wie in prima prestaasje en dêr wiene se bliid mei.
Mar der lei in ferfelend skaad oer de wedstriid.

Bote Altenburg bruts syn foet en dat wie net de earste kear. Op 30 oktober 2016 stiet dit berjocht op de side:
Bote Altenburg hat juster yn de wedstryd fan SDS JO-17-1 tsjin LSC JO17-2d syn skinebonk en kûtbonke brutsen. Hy moat 6 wiken mei syn foet yn it gips. Wy winskje him by dizze in hiele bult betterskip ta.

SDS JO17-3 ferliest en ferliest

SDS JO 17-3  hat justermoarn 1-7 ferlern fan Dronryp/Foarút mar ferlear dizze wedstriid ek in spiler. Yn de lêste minút fan de wedstryd rûn Bauke Stremler in stikkene kûtbonke op. Wy winskje him betterskip!

Sealútslagen

SDS JO11-2 spilet 1-1 gelyk,
SDS JO11-1 wint mei 2-4 en
SDS MO13-1 wint mei 0-2..
Dat binne goeie útslaggen

SDS JO 10-1 – Blauw Wit 34 JO 10-1 uitslag 0-13
en de 2e wedstrijd de streekderby Oosterlittens JO 10-1 – SDS JO 10-1 uitslag 0-5.
Kortom 2 gespeeld en 3 punten💪🏻

de Treffer


It soe samar kinne dat jim de Treffer (it Krystnûmer) al yn ‘e hûs ha. Oars hat it grutte kâns de rûnbringer  ûnderweis is.

Harsens derby (1966)

Sa kinne je yn de seal handich in frije traap nimme.