Weppers snein 23-4-2017

Sneon 22-4-2017
21 april 2017
Keepersdei tige slagge!
24 april 2017

Foto fan Sytse HaimaDJ Sjouke

Op sneon 13 maaie komt nei de wedstryd SDS 1 – Heerenveense Boys 1 DJ Sjouke de Groot út Littens plaatsjes draaien! Wa ’t thús noch in alderaardichste LP of single thús lizzen hat mei him dan mei nimme. It wurdt fêst in gekkenboel!

Noch in pear punten!

SDS 1 is nei it lykspul juster út by NOK noch altiten net hielendal feilich. Dochs kinne se harren noch altiten earder feilich spylje as ferline seizoen. Hopenlijk bard dit kommende sneon thús tsjin Workum 1. Allegear komme sneon om 14.30 oere tochten wy sa!

Skorst

Erik Haitsma krige juster in giele kaart by SDS 1 en is sneon skorst. Ewout de Boer krige der twa en is twa wedstriden skorst………

Oan ‘e broek!

It siet ús twa freonen yn de 2e- en 4e-Klasse juster ek net mei. Remco Bervoets ferlear juster mei vv Scharnegoutum 1 thús ferrassend mei 1-0 fan Mulier 1 en Douwe Posthuma ferlear mei Nijland 1 mei mar leafst 7-2 fan CVVO 1. Douwe hie as haadtrainer noch nea earder sa dik ferlern. Meastentiids krijt Nijland dan ek net mear as 7 goals per seizoenshelte tsjin………

Foto’s keepersdei

In machtige searje foto’s fan in moaie keepersdei sneon. Sjoch hjir

Even…..

By SDS 2 kaam it tongersdei foar de safolste kear foar dat der ûneven spilers wienen. It praat gie no al dat it ienige wat dit seizoen even wie by SDS 2 dat der hiel soms mar ‘even’ traind waard……

Wat wurdt it?

In soad lju miene dat hjoed de titelstriid yn de Eredivisie beslist wurde sil. Wy binne benijd. Wa fan de wepmasters sil jûn it noflikst op de bank sitte? It kin alle kanten op……… (sjoch hjir en hjir).

Harsens derby (1876)

De keeper fan Brighton & Hove Albion wie freed net al te gelokkich. Hy skoorde mar leafst twa eigen goals………………..mei de rêch…….