Weppers snein 22-7

Weppers freed 20-7
19 juli 2012
Weppers tiisdei 24-7
22 juli 2012

Jierdei
Wytze Vink is juster 16 jier wurden. Fan herte lokwinske.

Ronde fan Reahús
Justermoarn fleagen de hurdfytsers troch Easterein. It wiene de dielnimmers fan de ronde fan Reahús. Wij seagen de kopmannen en wij seagen de feinten. Ien fan dy feinten wie nimmen minder as Pieter Lieuwe van der Valk fan SDS 4. Hij sleepte, hij sleurde, hij wraksele oan de kop fan de tredde groep en hij hie allegear folgers yn de lijte fan syn rêch: de Bear fan it Bosk dus.

Programma SDS 1
SDS 1 begjint op 1 septimber yn Jitskenhúzen tsjin VVI 1. Neidat dy trije punten binnen helle wurde, kinne se mei twa thúswedstriden tsjin Broekster Boys en ONT it totaal op 9 bringe. Dan is it tredde part fan it oantal punten fan ferline seizoen al binnen. Foar it folsleine programma sjoch op
www.voetnalnoord.nl

Jongfeintepartij
Kommende woansdei is de Jongfeintepartij yn Easterein. De lotting wie justerjûn en dy sjocht der
sa út.

Miskien letter wol mear mar miskien ek wol net