Weppers freed 20-7

Tarieding SDS 2 2012-2013
18 juli 2012
Weppers snein 22-7
21 juli 2012

Fan herte lokwinske!
Ien fan de wepmasters is 6 jier en 49 wiken jonger as SDS en is dus hjoed jierdei! Fan herte lokwinske!
Dizze is spesjaal foar him!!!

SDS 65 jier
Noch 3 wiken en SDS bestiet 65 jier. Jou je
hjir gau op foar it (jeugd)fuotbaltoernoai en de barbekjoe!


DA wurdt VR
De KNVB hâldt fan feroaringen. Sealfuotbal waard yn it ferline futsal en waard letter wer sealfuotbal.
SDS Da 1 en SDS Da 2 is no ek feroare. Sij prate bij de KNVB no oer Vr1 en Vr2. De yndielingen binne bekend.

5e klasse 10    
Dronrijp VR1 14:30
Foarut VR1 15:00
Franeker Vr2 12:15
Makkum VR1 14:30
Mulier VR2 11:00
ONS VR3 12:30
Oosterlittens VR1 14:30
Robur VR1 14:00
HEEG/IJVC VR1 14:30
SDS VR1 12:30
Tzum VR1 14:30
Zeerobben VR1 14:30
5de klasse 9    
Balk VR2 12:15
CVVO VR1 14:30
Hielpen VR1 11:30
Joure VR1 14:30
Lemmer VR1 14:00
NOK VR1 12:30
Oudega VR1 12:30
Oudehaske VR1 12:15
Read Swart VR2 14:00
SDS VR2 16:30
VVI VR1 14:30
de Walde VR1 14:30

Kompetysje-yndieling seal
De kompetysje-yndieling foar de sealfuotballers is ek foar it grutste part rûn, mar kin noch feroarje. Foar SDS 1 sjocht it der sa út:
Blauw-Wit ’34 12
Bolswardia 2
Gavc 2
Haskerland 4
FFS 1
SWZ 3
RES 5
Drachtster Boys 2
ZVF 2
Irnsum 1
SDS 1


Jierdei

Wij hiene juster noch in jierdei. Willem Veenstra fan SDS 5 is 30 jier wurden. Fan herte lokwinske.

Ronde fan Reahûs yn eare hersteld
Op sneon 21 july (mei de Reahuster Simmerfeesten) organisearje wy de Ronde fan Reahus. It is in wielerronde mei start en finish yn Reahus, oer Rien, Itens, Easterein, De Kliuw, Reahus. As der enthousiaste fuotballers (manlju en froulju) by SDS binne dy’t graach fytse binne se fan herte utnoege om mei te dwaan. Dit kin op de racefyts of op de “gewoane” fyts. Mear ynformaasje is te finen op de webside
www.rondereahus.nl op Facebook (sykje op Ronde fan Reahus) en op Twitter (@rondereahus).

Jong Heerenveen
Kommende tongersdei 26 july hawwe sy yn Nijlân ek wer in fuotbalwedstryd. Op it Zweitse-Huitemapark sille dan Jong Heerenveen it opnimme tsjin Telstar. De wedstryd begjint om 19.30. Jeugd oan ’t 18 jier mei fergees nei binnen en de rest foar €4,-.

Harsens derby(813)
Sa ’n goal meitsje mar ien kear yn je libben. Letter mar net oan de pakesizzer fertelle dat it yn eigen goal wie……….