Weppers snein 22-4

Útslagen sneon 21-4
19 april 2012
Weppers moandei 23-4
22 april 2012

Útslagen
Wy misse noch al wat útslagen fan juster. Wa mailt se efkes nei
info@vv-sds.nl?

Opstelling Barcelona – Real Madrid
Skelte Anema hie sneontemiddei de opstelling foar Barcelona – Real Madrid al klear:


Clarence Tsjipke
Tsjipke Okkema fielde him juster moai beroerd neidat hy foar SDS 1 in penalty mist hie tsjin Berlikum 1. Wy wolle him hjirby in hert ûnder de rym stekke troch te sizzen; “Tsjipke; brân is erger….”
Wy fûnen noch in tapaslike foto fan 16 april 2011:

Tsjipke mist 1 pingel per jier en meastentiids yn april…..

3 2/3 hattrick
Yn Finlân makke Joel Pohjanpalo(ûnthâld dy namme) by syn debút yn it earste fan HJK Helsinki samar
in hattrick yn 162(?!) tellen. Hartstikkene knap fansels, mar dat kin noch wol better tocht Tjerk Ebbinge fan E4. Hy skoorde juster foar SDS E4 mar leafst 11 kear tsjin NOK E3G. Dat binne mar leafst 3 2/3 hattricks!

SDS 65 jier!
Freed 10 augustus bestiet SDS 65 jier. Dit wurd fansels fierd. Wy advisearje jimme om dy dei mar fêst frij te hâlden.

Kampioen
Yn de kompetysje fan SDS 3 is juster Rood-Geel 2 kampioen wurden. Sy hawwe 8 punten foarsprong op nûmer 2 SC Franeker 2 mei noch 2 wedstriden te gean. Rood-Geel is de terjochte kampioen. Sy ferlearen mar ien wedstryd en spilen ien gelyk(tsjin SDS 3!) en wûnen de oare 14 wedstriden.

Knap
By ien fan de wepmasters giet it thús net hielendal goed. Sels liet hy tongersdei syn fuotbalskuon yn de boks efter. Soan Tom sil wol tocht hawwe; “dat kin ik better”. Hy gie juster mei in rêchtas mei fuotbalklean nei it fuotbalfjild en kaam mei in rêchtas werom mei allinnich in handdoek deryn (en 3 punten fansels). Wa ’t syn SDS-sokken, fuotbalskuon, skinebonkbeskermers, ûnderguod(mei jim wol hâlde….) en sjampoo fûn hat mei wol maile nei info@vv-sds.nl.

Harsens derby(742)
Wy binne benijd hoe ’t Douwe-Dirk juster werom kommen is út Berltsum: