Ut-en ferslaggen 20-8

Weppers freed 19-8
19 augustus 2016
Weppers snein 21-8
21 augustus 2016

Oosterlittens 1 – SDS 1
In moai affysje, de twa klups yn ús gemeente dy’t elkoar treffe yn in bekerwedstriid. Moai sa’n bekertoernooi as tarieding op it seizoen, mar it is wol wat behelpen. Bij beide ploegen misten der meardere spilers dy’t oars wol bij de seleksje sitte. Dus in soad nije gesichten bij SDS en dy fertsjinje alle komplimenten. Want mei Gertjan, Frank, Gerwin, Pieter, Lourens en Wiebe stiene 6 spilers yn de basis dy’t ferline jier noch bij de A’s spilen en sommigen no ek noch. Yn de twadde helte kaam Yward Zijlstra der ek noch bij as jongste spiler.
It wie foar beide ploegen dreech om grutte kânsen te kre-earen. De 0-0 wie dan ek in logyske rêststân.
Yn de twadde helte nei wat wikselingen wie SDS wat mear de boppelizzende partij. Pas yn it lêst kamen der grutte kânsen en út ien fan dêrfan skoarde ferdigener Remco Hylkema. Mei noch 10 minuten te gean koe SDS it reedlik maklik útspyle.

Meast opfallende feit wie miskien wol dat bij beide ploegen in Bootsma op it doel stie. Peter bij Littens en Gertjan bij SDS. Nei ôfrin woene se best efkes op de foto, hoewol Peter flink baalde fan dat iene tsjindoelpunt.

SDS 2
SDS 2 spile yn Easterein op it keunstgers tsjin Leeuwarder Zwaluwen 2. De spilers fan SDS 2 wiene de earsten dy’t in wedstriid hiene op it nije keunstgers. Wij ha begrepen dat se it fjild fan alle einen en kanten besjoen hawwe want de tsjinstanner wie folle better. “It wie in soarte mei kondysjetraining”, sei Bote nei ôfrin. Einstân wie 0-2.
Boudewijn seit dit der oer:

De eerste wedstrijd van ’t seizoen op het prachtige nieuwe kunstgrasveld op de Skoalleseize was voor SDS 2. Ietwat gehavend door vakanties met 13 man, waarvan 3 A’s. 1 van het 3e en 1 van het 4e aan de bekerwedstrijd begonnen tegen LZ 2.
Al na 5 min op 0-1 achter, daarna toch erg goed in de wedstrijd gekomen, al bleven de kansen voor ons uit. Het beperkte zich tot verdedigen maar dat ging ons fantastisch af. Niels, al 2 jaar niet gekeept, hield tot de 67e min met de zeer goed spelende achterhoede zijn doel schoon en dat was zelfs een buitenspelgoal.
0-2 en dat was ook de einduitslag
Een nuttige en conditioneel zware wedstrijd en een compliment waard voor de hele ploeg. Ook de A’s Wiebe en Niels en Remon en Mark, tige bij tige, grote klasse!!!

Efkes Balje

In karriere yn de sjowbisnis sit er nei alle wierskynlikheid net yn foar Theo, Chiel, Ferry, Anco, Robin, Pieter en Klaas. Of it moat iets wêze wêr’t je it publyk net hoege te fermeitsjen. Krekt no it fol wie op de tribunes (der moasten sels auto’s bijset wurde) wie de kâns om wat sjen te litten.
Under prachtige waarsomstannichheden (it reinde) namen de krekt neamde 7 it op tsjin de noch te neamen 8. Ploechje 8 gie krekt wat effektiver mei de kânsen om en hie it net nedich om foaral oerendhurd te sjitten, mar wurke de bal it leafst subtyl yn it doel.
De 14-11 oerwinning foar de 8 wie in moaie ôfspegeling.
Mar dan dy finale.
Twa winnende doelpunten.
Normaal it hichtepunt.
No net.
Troch 7 anti- akteurs.
Wêr’t se yn de earste partij yn 60 minuten 11 doelpunten makken, skeaten se der no twa binnen de minút yn.
Gjin gefoel nei it publyk ta,
gjin gefoel foar spanning,
gjin akteartalint.
Net geskikt foar it grutte podium.
En de 8? Dy hiene sa graach wat moais del sette wollen yn de finale.
Gewoan,
de tsjinstanner it earste doelpunt,
dan nei in minút as 6 de lykmakker en
dan in op en delgeande striid
mei skotten op de latte,
skotten tsjin de peal,
kateftige rêdingen op de doelline en
dan úteinlik falt dat winnende doelpunt
at it al hast skimerich begjint te wurden…..
at it publyk it hast met sjen kin fanwege de ynfallende tsjuster
at it publyk it net mear oansjen kin fan de spanning ,
ja en dan
dan falt dat winnende doelpunt …..

En sa’t de wurdfierder fan de 8 sei: foar in goeie sjo hawwe je twa partijen nedich.
De 8 dy’t der wol in moaie finale fan meitsje woene: Wouter, Luca, Folkert Rients, Jesse, Mikel, Harry, Menno en Aant.