Ut en ferslagen 20-10

Weppers freed 19-10
18 oktober 2012
Weppers snein 21-10
21 oktober 2012

Mail de útslach, in koart ferslach, foto’s, doelpuntenmakkers, bijsûnderheden, eigenaardichheden, apartichheden, nuverheden en oare wissichheden nei dizze adressen en skilje de útslach efkes troch nei de kantine: 0515-331700.

G.n.t = giet net troch
E5 : Omdat NOK E2G te min spilers hat

SDS C2 – SDS Vr2: fjild sparje

Tiid   útslach
9:00 SDS D1 – CVVO D2G  2-3
9:00 SDS E5 – NOK E2G  g.n.t.
9:00 SDS F1 – Leeuwarder Zwaluwen F3  8-0
10:00 SDS F2 – Nijland F1  7-2
10:15 SDS C1 – Makkum C1  4-2
11:00 SDS MC1 – Blesse De MC1  1-4
11:40 SDS C2 – SDS VR 2  g.n.t
12:15 SDS A1 – ST Dronrijp A2  3-0
12:30 SDS 4 – CVVO 6  1-1
14:00 SDS 5 – Walde De 3  9-2
14:30 SDS 2 – Olympia’28 2  2-1
16:00 SDS VR1 – Makkum VR1  4-1
9:00 Irnsum F2 – SDS F4  16-0
9:00 Akkrum F4 – SDS F5  2-2

SDS 2 – Olympia ’28 2
Wêr ’t SDS 2 foarige wike rjocht hie op 3 punten wie no in lykspul terjochte west. Yn de earste helte kaam SDS nei sa ’n 8 minuten al op foarsprong troch in goal fan Ayanle. SDS hie doe ek it bettere fan it spul, mar Olympia naam it ynisjatyf al gau oer. Oan beide kanten kamen lytse kânskes, mar it wie Olympia dy ’t net fier foar de rêst der 1-1 fan makke. 
Yn de twadde helte koe de wedstryd alle kanten op. Beide ploegen krigen kânsen en miskien krige Olympia wol de grutste. It wie Sjoerd van Beem dy ’t knap kearde nei in 1 tsjin 1 sitewaasje en dit joech SDS moed. Yn de 93e minút kaam úteinlik de slagreame op de taart nei in hearlike pot fuotbal doe ’t Ayanle der net al te ûngelokkich yn bûtenspulposysje 2-1 fan meitsje koe.

SDS 4 – CVVO 6
SDS 4 spile hjoed knap mei 1-1 lyk tsjin koprinner CVVO. Pytrik Hiemstra makke knap mei de kop de goal foar SDS. Syn mem wie hjir tsjûge fan. SDS 4 soe dan ek graach sjen dat sy faker del komt.

SDS 5 – De Wâlde 3
SDS 5 wûn mei mar leafst 9-2 fan De Wâlde 3. De doelpuntemakkers wiene Jappie (5), Rudy, Wichard en Harm Auke (2)

SDS C1 – Makkum C1
Hjoed moasten wy foutbalje tsjin Makkum C1. Fan dizze tsjinstander hienen wy yn de beker mei 3-2 ferlen, dus wy wisten fan te foaren dat it in drege pot wûrde koe. Ûndanks in flugge 1-0 achterstan foutbalden wy sterk yn it begjin. Nei san 10 minuten makke Matthijs de terjochte 1-1. Mar dernei makke Makkum ût de counter de 2-1. Flak dernei rekke Frank blesseart in behoorlike tsjinfaller! Mei dizze stan waard it rust. Yn de twadde helft die Pieter Sytsma mei , hy makke knap de 2-2 yn de rebound. Nei in hiele goeie fase fan ûs waard Inne underut helle yn it 16-meter gebied en kaam der dus in penalty 3-2 die ik skoarde. Fjirder spiele iederien in hele goeie wedstriid. Ek hat Wytse Yntema ût de D1 nog 5 minuten mei ûs mei spiele.  Yn de lêste minuut makkten wy ek nog de 4-2 nei in goeie pass van Pieter koe ik him der ynsjitte (wol of net bûtenspul…..) 
gr Habtamu de Hoop 
ps: We hope dat it goed gjit mei Frank syn knibbel!

SDS F5 – Akkrum F4
Hjoed hiene we de ynhelwedstriid tsjin Akkrum F4 op it programma. Der wie ôfsprutsen dat de boys en girls freedtejûn betiid op gean soene om goed op skerp it fjild yn te gean. De earste helte like dat der net op want al gau wie it 0-1 efter. Troch in moaie goal fan Redmer waard it 1-1 mar Akkrum bleaun mar drukken en krekt foar rêst kamen we 1-2 efter. Yn’e rêst ha de coaches efkes dondere want F5 hie mear oandacht foar de “blomkes” dan foar de bal. De twadde helte stie der lokkich in oar achttal yn it fjild. De spanning wie te snijen en yn de lêste minuten scoarde ús goalgetter Redmer de fertsjinne 2-2.
Tiede  

Efkes Balje
It koe! En wat wiene se bliid allegear. Se kamen al yn de koarte broek út de auto roljen of stapten fan de fyts. Gelyk klear foar de ôftraap. Debút fan Harm Auke. Wat moai dat it wer koe. Wij ferwachtsje noch wol in ferslachje.

Bertus

Ien fan de fêste dielnimmers oan Efkes Balje is Bertus Procee fan Jumbo Wommels. Mooglik dat er freedtejûn noch wat yn de war west hat fan in drokke winkeldei, it kin ek dat er de auto net fine koe of de fytskaai kwytrekke wie, mar justerjûn stie der bij Efkes Balje in winkelkarke. Wij tinke dat Bertus dêrmei kommen is. Wa’t him dêr hinne treaun hat is net bekend.

Voetballers in de D,E en F-pupillen opgelet!
In de herfstvakantie wordt het superspannende Meinte Sixma toernooi 2012 gehouden. Het is een voetbaltoernooi voor alle D,E en F-pupillen en wordt op woensdagmiddag 24 oktober gespeeld op de voetbalvelden bij de Skoalleseize in Easterein.
Dit jaar wordt het toernooi georganiseerd in samenwerking met het Friesland College studierichting CIOS.
Inmiddels zijn er al bijna 100 aanmeldingen.
Jij kunt je
hier ook nog aanmelden voor dit toernooi.
Jeugdcommissie vv-SDS



Letter mear!