Weppers snein 20-9

Utslaggen sneon 19-9
18 september 2009
Weppers moandeitejûn 21-9
20 september 2009

Foto’s
Wy hawwe juster wer bulten foto’s binnen krigen fan Alie van der Weg(fan SDS F2) en fan Henk Bootsma(fan SDS DA2) en foto’s fan de jonkjes fan F4. Wy hoopje se sa gau mooglik op de webside sette te kinnen.

SDS 2

Omdat Tsjeard Hofstra de Da1 sa moai op de foto setten hie, mocht hij ek lâns komme om SDS 2 foar de wedstryd op de groepsfoto te setten.

De appel falt net fier……..
Gerhard Hiemstra hie juster de primeur by SDS F4 om as earste foar in pear minuten út it fjild stjoerd te wurden. Hy probeare fansels de bal te spyljen mar seage de oanfaller fan Oudega/HJSC hast troch de midden. It foarfal kaam ús net hielendal ûnbekend foar. Syn heit is dan ek ynderdaad; Auke “Buck”.

Leaver thús as út?
Foarige wike moast SDS F4 nei ien kear thús fuotballe te hawwen út nei Sleat. Mark Beckers seach al gau dat hy leaver thús fuotballet: “Ik fyn ús fjild moaier, mar ja, dat bin ik ek wend”.

Dy klup út 010
Persoanlik haw ik net folle mei dy klup út 010, mar as in Dirk-Yde Sjaarda dy ’t yn murch en bonken ferslingere is oan dy klup sa ’n alderoergryslikst aardich stikje mailt oer syn klupke dan wolle wy dat fansels best pleatse(klik
hjir).

Fuotbalplaatsjes
Ôfrûne tongersdei wie der by Omrop Fryslân Radio yn Omnium (sa wat oan de ein fan it programma) in nijsgjirrich petear mei Dijkstra fan de foto’s fan de fuotbalplaatsjes. De muoite wurdich om efkes te harkjen(klik
hjir).

Nuveraardich
It sil wol yn de stjerren stien hawwe dat wedstriden tusken Foarút en SDS op 19 septimber net trochgean koene. Want neist SDS 5 gie ek SDS 6 net troch. Sij moasten tsjin Foarút 4.

Harsens derby (68)
Robert Sybesma sjitte syn pingel juster bt SDS 2 fansels netsjes yn de goal. Hjir noch efkes in foarbyld fan hoe ’t it net moat: