Weppers moandei 21-5

Weppers snein 20-5
19 mei 2012
Weppers tiisdei
25 mei 2012

A1 op tiisdei
SDS A1 soe kommende tongersdei fuotbalje tsjin QVC A1. Dat wurdt ferskood nei tiisdei om 19.15 oere. Om 18.15 oere der wêze.

B1 gjin trainen
Vandaag hebben de B-junioren geen training. Woensdag wel! 
Groet trainers/leider b’s

Mulier 1 – SDS 1
Kommende tiisdei om 19.00 oere yn Wytmarsum. SDS sil better fuotbalje dan ôfrûne sneon en sawiesa winne moatte om troch te kommen.

SDS F1
Foar kommende woansdei stiet der noch in wedstryd fan F1 op it programma. Sij moatte om 18.30 oere thús tsjin GAVC F3.

D3
Ek op woansdei stiet der noch in wedstriid fan D3 op it programma, om 19.30 oere tsjin Balk D3

SDS F6 – TOP’63 F2  1-1
Nei de kalde douche fan foarige wike (die blykber goed holpen hat) stûn der dizze wike in hiel oar F6 yn it fjild. Der waard wer fuotbalt en dat is moai, want der komme we fansels foar!
Dat we wol mei 0-1 efter kwamen hie de ynset net ûnder te lijen en fol enthousiasme gongen we nei de limonade op syk nei de lykmakker.
It wie Niels die nei in prachtige solo healwei de 2e helte de 1-1 binnen skopte. Jammer dat we die aktie net even yn de herhaling op studio sport sjen kinne.
Mear doelpunten sieten der hjoed fan beide kanten net mear yn, mar nei de ‘deceptie’ fan foarige wike waard dizze wedstriid fiert as in oerwinning. De waarme douche wie dan ek foar iederien dik fertsjinne!
Liesbeth

Mannen fan SDS 2,
It is wer tiid foar us jierliks teamuitje.
Hjirunder it programma:
Wannear: sneon 26 maaie om 15.30
Wer: Bushalte De Terp
Werhinne: Ljouwert
Wat: 16.15 praemfarre fanôf de Nijsted (tsjinoer boekhannel v/d Velde) ûnder it genot fan in hapke en in snapke
17.30 Eetlokaal Vrouwenpoort (der binne allegear froulju ;- ) ) foar in dinnerbuffet
????? Borrelje en op stap
Kosten: €50,00 euro p.p.
Wat ha je derfoar: praemfaren mei hapke en snapke, dinnerbuffet mei miskien noch in drankje, attinsjes foar de minsken dy’t ofskie nimme.
Buskaartsje en it bier foar de juns sit der net by yn. Ek de weromreis sit hjir net by yn.
Graach €50,00 oermeitsje mei eigen namme +teamuitje op bankrekkeningnummer 3087.48.131 t.n.v. J. Brouwer
Op in gesellige jun!
Groetnis Jeroen en Feite.

Treffer
De Treffer leit wer by de drukker. As it goed is dan kinne jim him mei de Pinkster moai yn de tún lêze.

IVA
Woansdei wurd der troch Skoalleseize yn gearwurking mei VNN in kursus IVA (instructie verantwoord alcoholschenken) jun yn de kantine. Der kinne max. 25 persoanen oan meidwaan. De measte frijwilligers hawwe harren al opjûn. No is der  noch plak foar inkele belangstellenden. Wa at der oan meidwaan wol moat him wol efkes opjaan fia koha@bogerman.nl  Graach foar tiisdeitejûn.
Groetnis Hans

Jierdei
Hjoed geane de herlike lokwinsken nei Johan Heerma, Pieter Lieuwe van der Valk en Jelte Pieter Dijkstra. Sij binne alle trije hjoed jierdei en sjogge der fanôf no 43, 32 en 22 jier âld út.

Harsens derby (766)
As wy dit sjogge hawwe wy lyk wer nocht om te sealfuotbaljen: