Weppers snein 20-4

Utslaggen 19 april
18 april 2008
Weppers moandei 21-4
20 april 2008

Kampioen?
Fansels wurdt Ajax fannemiddei kampioen, ferliest Feyenoord fan Roda JC en giet ek SC Heerenveen ûnderút. In soad SDS’ers sitte fannemiddei yn it Abe-Lenstra-stadion en de oare SDS’ers sitte yn de Jimbar fanôf in oer as 14.00. Miskien wurdt it wol wer krekt sa ’n spannende slotdei fan de kompetysje as foarich seizoen. Wy sille it sjen. 

PSV KAMPIOENEN!!!!!!!!!!!!!!!!!!!!!!!!!!
hspace=0
de mannen waren aardig zenuwachtig maar gelukkig hebben ze wat te vieren!!!!!!! 
ik moest even zeggen van de mannen: 
PSV KAMPIOENEN!!!!!!!!!!!!!!!!!!!!!!!!!!!!!!!!!!!!!!!!
groetjes Vera

Net fansels
SDS 3 gie sneontemiddei net troch. It wie ferrekte sneu dat de skiedsrjochter net berjocht hân hie. Friso Albada like foar neat nei Easterein te kommen. Gelokkich wie der ek in misferstân oer it fluitsjen bij SDS 5. Friso koe SDS 5 – Makkum 4 fluitsje want Sjoerd miende dat Enne it dwaan soe en Enne hie rekkene op Sjoerd. Friso fluite prima en elkenien wie nei ôfrin tefreden.

Op de fyts
Wij koene juster allegear konstateare dat it wol ferrekte hurd waaide. De Wommelsers hiene it dreech om de tichte hurde wyn te bestriden en op tiid te kommen. Ien man hie seker it swit op de bealch: Ype Burggraaff út Lollum. Hij wie foar de feroaring op de fyts en mei in hurde eastenwyn hie hij syn opwaarmerke al hân doe’t er yn Easterein oankaam.

Klup fan 50 lid
Ien fan de klup fan 50 leden hie dize wike wat te fieren. Jan Hiemstra fan Frjentsjer wie 40 jier troud en hij en syn frou wiene beide de 60 ek foarbij.
Fan herte lokwinske.

It spul hat gjin luzen

Bij dizze peuter wie it maklik sykjen en der wie gjin lús te finen.

Bas de Haan
Dizze jongeman fan SDS 4 hie in prachtige dei neffens ús. Earste sa’n 75 minuten mei SDS 5 en twa kear skoare, dan 45 minuten flagje en dêrnei mei SDS 4 45 minuten fuotbalje en 1 kear skoare.

Oefenje
In pear wike lyn hawwe in oantal minsken bij SDS neitocht en praten oer de jeugd en it fuotbal. Der binne wat plannen makke. Neffens Remco Bervoets moat dit it
resultaat wurde.

Skoaltoernooi
Yn “ús tiid” wie it skoalfuotbaltoernooi op 5 maaie. Hjoed de dei is it in gewoane woansdei. Dit jier is it op woansdei 23 april yn Easterein.