Weppers snein 20-11

Utslaggen 19-11
17 november 2011
Weppers moandei 21-11
20 november 2011

Gjin trainen
Op oankommende moandei 21 novimber en moandei 5 desimber is der om 8 oere gjin trainen foar de dames fan DA1 en 2. 
 

Groetnis  

Swarte Piet

Sealtrainen
It sealtrainskema fan dizze wike sjocht der sa út.

Maandag   17:00-18:00  E3 Ayanle Barkat
Dinsdag     16:50-17:50 E1/E2 Aant Hofstra/Jelle de Boer
Donderdag 17:00-18:00 E4/E5 Robert Schildkamp

Sinterklaas en Swarte Pyt
Opfallend wie juster de ôfwêzichheid fan Tjeerd en Bauke Dijkstra. Altyd trou op sneon mar hiel tafallich sizze se ôf at de Sint mei syn feint yn Easterein oankomt.

Sjoch hjir foar mear foto’s.
(Foto Henk Bootsma)

Sinterklaas
It like wol of wie der justermiddei in helpSinterklaas bij de fjilden. Net ferklaaid as Sinterklaas dielde hij hjir en dêr wat pakjes út. En dizze sint makke gjin ferskil tusken wa en brûkte ek gjin djoer pakpapier. Alle kado-ûntfangers en dat wiene der hiel wat, krigen allegear in langwerpich kadootsje ynpakt yn de Ljouwerter Krante. Dankje wol Sinterklaas it wie hearlik.

Wykeinsifers
Tjerk van der Pol beseach de útslaggen juster allegear troch en hij mailde ús “de kille sifers” fan sneon 19-11.
Dramatische SDS-weekendcijfers: 20 4-4-12 16 27 – 73
1,35 SDS-doelpunt per wedstrijd, 3,65 tegen, 60% verlies, 20 % gelijk en 20% winst.
Ik dacht maar wat extra trainingen de komende weken…
Tjerk

Wedstriidferslaggen
Fan in oantal wedstriden hawwe wij wer in ferslachje makke of krigen. Jim kinne se
hjir allegear lêze.

Pupillen fan de wike
Stijn Schildkamp en Tjerk Ebbinge wienen juster de pupillen fan de wike. Sy spylje yn E4 en hawwe juster mei 0–2 wûn yn en fan Balk.

Anne Brouwer wie no wer ris oan de beurt om mei de pupillen fan de wike op de foto.

SDS’ers derop út!
Syb, Samme en Klaas Overal hawwe dit wykein wer harren jierlijse útsje. Sy binne freed op de boat stapt nei Ingelân om dêr Sunderland-Fulham te sjen. Sy seagen yn dizze wedstryd in bult hege ballen en 2 ballen op de latte, mar gjin goals, mar dat sil harren wykein fêst net bedoarn hawwe.

Fan herte lokwinske!
Sjoerd Rispens wie juster jierdei. Noch fan herte lokwinske!

Harsens derby (615)
Ea waard Benjamin de Ceulaer troch Feyenoord út België helle as grut talint. Ferfolgens kaam hy net oan de bak by Feyenoord en gie hy nei RKC. No ’t hy wer yn België fuotballet is it klear en makke hy ien fan de moaiste goals fan 2011. Hy is sels troch de FIFA
nomineare. Neffens ús terjochte: