Weppers moandei 21-11

Weppers snein 20-11
19 november 2011
Weppers tiisdei 22-11
21 november 2011

Lotting OFK yn Frjentsjer
Ôfrûne freed wie de lotting foar it Iepen Frysk Kampioenskip(OFK, foarhinne Midwintercup) sealfuotbaljen. Dit toernoai fynt begjin jannewaris wer plak yn Frjentsjer. Foar SDS docht der dit kear in frouljusteam en in manljus-fjildteam mei. Sy lotten sa:
Froulju
SDS
VIOD
WTOC
VV Balk (seal)
GAVC
VV Stiens

Manlju
SSS
Nicator
VIOD
SDS
LSC
VV Opende
De hiele lotting kinne jim hjir fine.

Gjin training E2
Omdat der moarn yn de seal trainen is foar E2 giet it bûtentrainen hjoed net troch. Woansdei is der wol bûtentrainen.

Ek gjin trainen MC1
De famkes fan SDS MC1 hawwe jûn gjin trainen.
Sieta

SDS 1
Moandei (hjoed) gjin trainen.
Tiisdei trainen om 20.15 oere.
Tongersdei gjin trainen (sponsor jûn).

Sponserjûn
Tongersdeitejûn is der wer in sponserjûn. It begjint om 20.00. Dit kear binne de sprekkers AZ-trainer Gert-Jan Verbeek en ferslachjouwer Evert ten Napel. Hjir en hjir kinne jim jim alfêst wat ynlêze.

Sa sil it der tongersdeitejûn ûngefear útsjen.

Noch fan herte lokwinske!
9 novimber bestie de SDS-webside alwer 9 jier. Noch fan herte lokwinske!

Pupillen fan de wike

Wol wat sneu om pupil fan de wike te wêzen en dan SDS 1 ferliezen sjen mei 1-5. Mar gelokkich koe it noch goed makke wurde foar de jonges. Sij mochten ek noch op de foto mei Sjoerd van Beem, de grinsrjochter.

Stoffel

“Dag Stoffel”, liket Sinterklaas hjir te sizzen, “nee, ik wit ek net wêrom dy twa Dijkstra’s hjoed net meifuotbalje.”

Mopke
Hjir in mopke út Spannum oer mannelogica:
Een vrouw stuurt haar man naar de winkel.
Zegt ze: “ Haal Eén krat bier…
… en als ze eieren hebben; neem je er zes.”
Na een poosje komt de man thuis. Zegt zijn vrouw:
“Waarom heb je nou zes kratten bier meegenomen?”
Nou, zegt de man: “Ze hadden eieren!”


Harsens derby (616)
Je sille reservespiler fan Real Madrid wêze, drafe waarm en dan springt der yn ien kear ien of oare idioat by je op de rêch. Wy soenen sizze; “hy kin om ús ús rêch op……