Weppers snein 19-8

Weppers sneon 18-8
18 augustus 2012
Weppers moandei 20-8
20 augustus 2012

SDS 2 tiisdei thús
Tiisdeitejûn om 18.45 spilet SDS 2 thús tsjin Hardegarijp 2 foar de beker.

SDS 1 tiisdei út
SDS 1 moat tiisdeitejûn nei Aldehaske om te fuotbaljen tsjin de mannen fan it doarp wêr’t noch altiten de baarch yn de beam hinget.
Oudehaske hat de earste wedstriid yn dizze poule fan Arum ferlern mei 3-1.

Trainen B junioren
De B junioren begjinne moandei te trainen. Tusken 19.00 en 20.15 oere sil der in begjin makke wurde om it fakânsjeswit der út te krijen. De folgjende training is op woansdei fan 19.00 oant 20.15 oere.

Spilers SDS B1 – let op
Nogmaals het verzoek aan ALLE B spelers om hun e-mail adres te sturen naar
bouke.bouma@home.nl en boudewijn64@hotmail.com
Behalve Wietse Vink en Bouke Fopma, die hebben al gereageerd op de vorige oproep.

Skoalleseize 25 jier
Dizze wike wurdt it feest fan de Skoalleseize fierd. 25 jier bestiet de stifting no. Der is in programma wêryn alle gebrûkers harren gerak krije. It programma foar de 4 dagen fan de Skoalleseize kinne jim
hjir sjen.

Opjaan jeugd

Foar de jeugd (C, D, E, F) is der sneontemoarn 25 augustus in klinik ûnder lieding fan Jaap de Blaauw en de A-seleksje spilers. Opjaan kin troch op start te drukken en de gegevens yn te fullen. Doch it sa gau mooglik en sis it ek tsjin oaren.

Fuotbalgolf

Foar de B en de A junioren, foar de froulju, senioren en oare belangstellenden is der sneontemiddei fuotbalgolf op it Skoalleseizekompleks. It begjint om 14.00 oere. Wat wij der fan sjoen hawwe liket best genôch. Elkenien kin meidwaan. Jou dy op troch op it plaatsje te klikken. Opjaan moat foar sneon dien wurde. Doch it. Doch it no gelyk.

SDS 4 en SDS 5
Under lieding fan Harm Abma sille de mannen fan SDS 4 en SDS 5 it trainen ek wer oppakke. Kommende tongersdei om 19.00 oere giet it los.

Utstelde wedstriid
De foar sneon fêststelde bekerwedstriid fan SDS 1 tsjin Arum 1 is ferskood nei tiisdei 28 augustus. Dit yn ferbân mei it jubileum fan de Skoalleseize.

De earen iepen….
Gatske Hiemstra wie net alhiel entûsjast bij SDS 1- Zeerobben 1 mei in stân fan 1-3: “Ik wit net wat jim der fan fine, …….” .
En doe makke Wytze de 2-3 en seinen wij dat it hiel aardich wie.

Wytze mocht in frije traap nimme op lofts. Durk Okkema siet oan de kant en joech rie: “Linker hoeke, moat krekt kinne”.
Bam, rjochter hoeke, koe dus ek: 2-3

Appie Posthumus at oaren oer syn beide soannen begjinne dy’t yn it fjild steane: : “Ik wie folle hurder en gemiener”