Weppers snein 19-4-2020

SDS-jeugd: Download de VTON-app en gean los!
15 april 2020
Hoe hjit hij ek al wer?
24 april 2020

SDS is der ‘klear’ foar…….

Wat SDS oanbelanget kin it nije seizoen wol begjinne! De SDS-balpylder is klear! Johan Postma en Bauke de Boer en mei wat help fan Opvallend Reclame út Wommels meie wy wol sprekke fan in pareltsje. No earst allegear mar sûn bliuwe en de dei dat wy wer mei syn allen balje kinne komt hieltiten tichterby!

Daan bliuwt by SDS 5 as flagger

Wy binne tige bliid dat wy melde kinne dat Daan Boersma oanbliuwt by SDS 5 as flagger!

Daan nimt mei Harm-Auke de lytse letterkes fan syn kontrakt nochris troch.

Fuotbal op sneon of snein


It is in aktueel tema, foaral yn  Boalsert op dit stuit. Op dit kaartsje in byld hoe’t it sit mei de ferdieling fan sneon en sneinsfuotbal.

SDS-League

Sa lang as der noch net definityf besletten is of de Eredivisie dit seizoen útspile wurdt of net witte wy ek noch net net hoe of it mei de SDS-League komt. Wat wy wol witte is dat ’90 minuten lang’ fan Jan-Friso Bruinsma noch altiten oan kop giet.

Trefferarchyf

Wy binne al in hiel ein mei it Trefferarchyf, mar it begjint der hieltiten mear op te lykjen dat wy it archyf net kompleet krije. Yn in Treffer fan novimber 1999 dienen wy ek alris in oprop:

Wy sykje noch altiten Treffers út de begjin jierren. Mochten jim noch wat op solder lizzen hawwe dan heare wy it graach! Graach reaksje nei Aant@vv-sds.nl en/of Willem@vv-sds.nl.

Harsens derby (2226)

Altiten lekker………………..ynfalle…………