Weppers snein 19-4

Ut-en ferslaggen sneon 18-4
17 april 2015
Weppers moandei 20-4
19 april 2015

Eddy de Boer wint 4 à 5 kuub iepenhurd-hout!

Rûnom it B-fjild binne foarige wike de beamen kapt en de keunstgerskommisje hat dit iepenhurd-hout krigen om te feilen. It giet om sa’n 4 à 5 kuub iepenhurd-hout.
Juster slúte dizze feiling en dat betsjut dat Eddy de Boer de grutske eigner wurden is fan dizze bult brânhout. Wy sille ynkoarten kontakt mei Eddy opnimme oer de fierdere ôfwikkeling. De €125,- geane yn de keunstgerspot!

SDS 1 pakt punt by TONEGO 1
SDS 1 hat juster mei 1-1 lyk spile tsjin TONEGO 1. Wa ’t wat skriuwe kin oer de wedstryd mei dit ús wol maile. It ienige wat wy witte is dat Erik Haitsma foar SDS 1 skoord hat.
Wat de trainer fan Tonego der fan fûn kinne jim hjir heare

Gjin trainen
Om ’t SDS 2 woansdeitejûn in kompetysje wedstryd hat om 19.00 oere thús tsjin Heerenveense Boys 2 hawwe sy tiisdei gjin trainen.

SDS VR1
De wedstrijd SDS VR 1 – Dronrijp VR 2 wordt niet woensdagavond maar maandag as gespeeld om 18.45 te Dronrijp.
Jacomien

Harsens derby (1482)
Dit sjogge wy op it heden wat te min. De omhaal!