Ut-en ferslaggen sneon 18-4

SDS League: "Postmeister" pakt de kop!
16 april 2015
Weppers snein 19-4
19 april 2015

Mochten jim fuotballe hawwe, mail dan de útslach, in koart ferslach, foto’s, doelpuntenmakkers, bysûnderheden, eigenaardichheden, apartichheden, nuverheden en wat ik mar nei dizze adressen en skilje deútslach efkes troch nei de kantine: 0515-331700. 
Twitterje @ff_sds mei fansels ek!
Graach sels!

      utslach
09:00 SDS D2 SWZ Boso Sneek D4  2-1
09:00 SDS E2 IJVC E1  1-5
09:00 SDS E5 LSC 1890 E11  5-2
10:10 SDS E3 Makkum E2  2-1
10:10 SDS F1 Balk F2G  7-3
10:15 SDS B2 Annaparochie St. B2  4-0
11:10 SDS D3 IJVC-Blauwhuis D3  0-1
12:00 SDS 5 Oudehaske 4  1-1
12:30 SDS C2 ONS Boso Sneek C4  1-9
14:00 SDS VR1 Dronrijp VR2  g.n.t.
14:00 Mini League    
14:30 SDS VR2 Oosterlittens VR2  
09:00 Scharnegoutum’70 E1 SDS E1  3-2
09:00 RES E4 SDS E4  2-4
10:15 SJO Oudega/HJSC D1 SDS D1  0-5
10:15 Walde De F2G SDS F2  
10:15 SWZ Boso Sneek MD1 SDS MD2  
10:30 Zeerobben C2 SDS C1  4-4
11:45 Leeuw.Zwaluwen A1 SDS A1  7-0
12:00 Beetgum MD1 SDS MD1  1-1
14:30 CVVO 2 SDS 2  3-1
14:30 CVO 1 SDS 4  g.n.t
15:00 Tonego 1 SDS 1  1-1

CVVO 2 – SDS 2 3-1
SDS 2 hie net folle yn de molke te brokkeljen tsjin de Lemsters en ferlear mei 3-1. Ien hichtepunt dizze middei. De moaiste goal kaam namelijk op namme fan Feite de Haan dy ’t hast fanôf de middenlin oan de sydkant fan it fjild fanút in frije traap de bal yn de krúzing jage.

Leeuwarder Zwaluwen A1 – SDS A1
A1 moest gisteren tegen de “aanstaande kampioen”  en nr 1 van de ranglijst, LeeuwarderZwaluwen A1.
De eerste helft ging redelijk gelijk op, beide ploegen speelden met een behoorlijk aantal B’s, en we konden tot de rust redelijk meekomen, al kregen we eigenlijk 0 kansen, LZ kreeg er ook niet veel, omdat onze achterhoede alweer geweldig stond te verdedigen.
Toch kwamen we 1-0 achter, en dit was de ruststand. Na rust kwamen er nog 2 B’s bij, zodat de verhouding op het veld, 50 % A’s en 50 % B’s werd.
Het veldspel werd er niet slechter door, integendeel, maar fysiek moeten we het dan toch afleggen tegen een ploeg als dit.
Niet omdat de inzet er niet is, de voetbalslimheid is er ook wel, maar toch liep de thuisploeg uit naar een ietwat geflatteerde 7-0.
Door de andere uitslagen in de competitie is er onderin weinig tot niets veranderd, zodat we uit onze laatste 2 wedstrijden  4 punten moeten zien te halen, te beginnen volgende week, thuis tegen MKV, aanvang 12 uur.
Boudewijn


SDS E5 – LSC E11 (5-2)
8 tsjin 8 en oan beide kanten gjin wiksels. Koene de bern safolle mooglik fuotbalje. En as d’r ien útfalle soe mei in blessure dan soene wy 7 tsjin 7 fierder. Dat hiene wy as coaches mei elkoar ôfpraten. Yn Snits hiene wy 7-4 fan hun ferlen. Wy begûnnen gelyk sterk oan de wedstriid en krigen in protte romte. By LSC lyke it wol as de sliep nog ien ‘e eagen siet. It earste kertier in protte kânsen mar nog gjin goals. Mar wy bleunen op de helte fan LSC en de earste goal waar’t troch hunsels makke út in korner fan Milan (ja Theo, wiest krekt te betiid fuort). In pear minuten letter barde precies itselfde. Wer in korner en wer in spiler fan LSC dy’t de bal yn eigen goal tikke. Dat gie moai sa.
En alwer wie d’r in korner foar ús. Mar dit kear wie it Pieter dy’t de bal fanút de loft yn ien kear op de slof naam en ‘m prachtig ynskeat. De fierde en lêste goal foar rêst waard ek makke troch Pieter neidat Minke har tusken trije tsjinstander wei wist de wrotten en in prachtig stekbaltsje op Pieter jaan koe dy’t em beheerst ynskeat. Super tefreden giene wy de klaairomte yn. De twadde helte begûn wol frij sterk mar elts seach syn kâns om te skoaren en d’r waard in protte sketten, mar net echt op de goal. It moaie oertikjen wie d’r wat út en elts stie wat rommelig foar de goal fan LSC. Wy stiene elkoar wat yn it paad en efterien wie eins gjin ferdiediging mear. Hjirtroch waarden de counters fan LSC wol gefaarlik. Mar Jesse wist in pear kear in doelpoging fan LSC te foarkommen. Toch wisten wy as earste yn de twadde helte te skoaren.
Ruben kriig de bal goed oanspiele fan Milan en skoarde beheerst de 5-0.
Mar omdat it wat rommelig wie efteryn koe LSC flak dernei toch skoare.
5-1. Nee, it fuotbal waard d’r net better op. De earste helte wie prima mar de twadde helte wie hiel rommelig. Doe de twadde tsjingoal op in bytsje knullige manier tot stand kaam, wie d’r wat frustraasje tusken spilers en keeper. Hjirtroch ferliet fiif minuten foar tiid ús keeper it fjild. Stiene wy mei 7 spilers yn’t fjild en gjin keeper. Gelukkig woe Milan de keeperswanten wol oandwaan en de wedstriid útspielje. De coach fan LSC biede noch oan om 7-7 fierder te gean, mar dit wie myn probleem en net syn en mei nog mar fiif minuten op de klok ha wy de wedstriid 7 tsjin 8 útspiele. In moaie, dik fertsjinne oerwinning te danken oan goed fuotbal en hurd wurkjen troch eltsenien. Trots op!

Herman

Oudega/HJSC  D1 – SDS D1    0  –  5
Oan’t no ta rint it yn ‘e kompetysje noch net sa goed. Eltse wike sterke tsjinstanders en we krije net folle tiid en romte om te fuotbaljen. It giet allegeare wat sneller en der moatte de jongens noch oan wenne. Forige wike hiene we gjin kompetysje en hiene we efkes oefene tsjin AVC ut Seisbierrum.                   Mei in 8 – 0 winst hiene we hjir in prima resultaat delsetten. Dit moast hjoed trochsetten  wurde tsjin Oudega/HJSC. Sy stiene 2 punten under us dus it wie saak om hjir 3 punten te pakken. Mei in wat oanpaste opstelling begongen we goed oan ‘e wedstriid. Nei 4 minuten wie it al 0 – 1; in moaie goal fan Tjitse nei in krekt sa’n moaie foarset fan Luka. It stie goed by us en hieltiid wer waarden us spitsen oan ’t wurk setten. Dit resultearre yn de 0 – 2, makke troch Merijn. SDS fuotballe goed en it wurde foar rest dik ferstjinne ek noch 0 – 3 troch Tjitse. Der kamen foar rest noch mear kansen, mar der wurde net mear skoard. Yn ‘e rest hiene we ofpraat om de twadde helte sa troch te gean as foar rest. We bleauwden better as Oudega/HJSC, mar it moaie fuotbal fan de earste helte wie der wol wat ut. Dochs kamen we net echt yn de knype. Elts foutsje koe hersteld wurde troch us snelle efterhoede en/of us keeper. Stan en Tjitse skoarden yn ‘e twadde helte noch sadat de einstan op 0 – 5 kaam.           In dik fertsjinne oerwinning !!  Mei 6 punten ut 6 wedstriiden kinne we foarsichtig wer nei boven sjen. Nye wike sneon om 9.00 oere spylje we thus tsjin ………….Skearnegoutum !!!!
Theo.